Kaarten keapje? Doch foarsichtich!

Fia bygelyks Marktplaats of op in oare wize ien of mear kaarten foar de Slachtemarathon keapje? Us advys: sjoch hiel goed út en doch foarsichtich! Fansels binne der minsken dy’t de kaarten echt ferkeapje wolle, mar der sit ek in oantal charlatans tusken. Twifel? Stjoer in mail nei info@slachtemarathon.nl en we tsjekke it foar dy. Elkenien dy’t kaarten besteld hat, hat in befêstigingsmail krigen. Der binne noch gjin echte kaarten ferstjoerd, dy folgje begjin maaie mei de post. Oh, en hiene we al sein dat dy kaarten hiel moai binne?

Wy sykje muzyk (diel 2)

By de eardere edysjes fan de Slachtemarathon koe elk korps of elke muzykgroep him yndividueel oanmelde foar in plakje lâns de rûte. In hiel soad muzikanten hawwe dat ek al dien en dêr binne we hiel bliid mei! Dit jier wolle we lykwols de muzykprogrammearring krekt wat oars foarm jaan.

Op trije plakken lâns de rûte wolle we dit jier nammentlik graach ferrassende kombinaasjes fan muzikanten del sette. We tinke dan bygelyks oan in korps mei in lokale solist/sjonger/ynstrumentalist, in koar mei in dj, in popband mei in trekzakduo, ensfh.

Op dy trije plakken binne yn totaal 12 fan dy bysûndere kombinaasjes programmeard. De optredens duorje ûngefear 45 minuten.

Wat freegje wy fan de muzikanten?

  • Gean op syk nei dy bysûndere kombinaasjes. Dat meist sels dwaan (dan joust jim as kombinaasje op) of kinst dy as selstannige groep of yndividu oanmelde (dan sykje wy mei jim nei kombinaasjes)
  • Tiid, enerzjy en in iepen blik
  • Tink ek ris oan kombinaasjes mei bygelyks tekstskriuwers of dichters
  • Fynst it nijsgjirrich? Jou dy op!
  • Ek ast dy al opjûn hast en it is neat foar dy/jm, dan hearre wy dat graach. Ek dat kin fia it formulier. (En ek dan is der in plakje foar jim lâns de rûte!)
  • Reagearje kin oant 21 maart fia it reaksjeformulier

Wat biede wy de muzikanten?

  • Profesjonele begelieding: de nije kombinaasjes krije profesjonele begelieding
  • Profesjoneel lûd op de 3 plakken
  • In erfaring om nea te ferjitten
  • Ynspiraasje

Tink der oer nei of dit by jim past. It is oars as oare jierren en der wurdt wol wat fan jim frege yn in koarte tiid. Mar it wurdt ek in erfaring om nea te ferjitten. Boppedat kinst der – mei troch de profesonele begelieding en de bijzondere combinaties – in soad fan opstekke en nije ynspiraasje opdwaan.

Tekstskriuwers en dichters
Ek tekstskriuwers en dichters binne wolkom. Sy kinne har ek oanmelde fia it formulier.

Fragen en antwurden

Dizze ynformaasje stiet ek yn in nijsbrief dy’t ferstjoerd is oan alle muzikanten dy’t har al opjûn hawwe. Dêr stiet ûnderyn ek in listje mei meast stelde fragen en de antwurden dêr op. Dy kinne jimme ek trochlêze.

Oefenrûtes op papier

Der binne ek dielnimmers sûnder smart phone en dy jouwe oan dat ek sy graach de oefernrûtes rinne wolle. Dat kin fansels! Klik hjirûnder op de dokuminten en dan kinst se sels printsje.

Alle oefenrûtes rinne troch de prachtige natoergebieden dy’t beheard wurde troch It Fryske Gea.

In soad oefenwille!

Oefenrûte februari, Ketlik, 8,4 km

Oefenroute maart, Wolvegea, 14,8 km

Nije oefenrûte is 15 km

Oankommende sneon ferskynt der in nije oefenrûte yn de app. Dy rûte is 15 km lang en rint troch de prachtige Lendevallei. In farieard moerasgebiet yn it beekdallânskip fan de Lende en in oase fan rêst, dêr’t bysûndere moerasfûgels in plakje fine: dat is de Lendevallei.

Yn de nijsbrief dy’t hjoed oan alle dielnimmers (kuierders) ferstjoerd is, stiet by fersin dat rûte 25 km is. Us ekskuses!

Wy sykje muzyk en dûns

It tema fan de fiifde (!) Slachtemarathon is Feest! En by in feest heart muzyk en dûns, fine wy. Dêrom sykje wy muzikanten en dûnsers. Helpsto mei om de Slachtemarathon ûnferjitlik te meitsjen foar de dielnimmers?

It kin en mei in ferskaat oan muzyk wêze. Fan korpsen oant muzykferienings, en fan slachwurkers oant sjongers en sjongeressen. Elkenien mei meidwaan.

We wolle graach dûnsgroepen ynsette dy’t in dûns dwaan sille mei in flach, de saneamde dûnsjende flaggen.

Dêrom dogge wy in oprop oan alle korpsen, muzykferienings, koaren, yndividuele muzikanten, dûnsers, dûnsgroepen, dûnsklups en dûnsferienings yn Fryslân.

Jou dy gau op!

Wolst meidwaan oan dit spektakel? Jou dy dan gau op. Opjaan kin oant 1 maart 2016 fia it formulier. Dan nimme wy nei 1 maart kontakt mei dy op. We sille dan ek mear fertelle oer wat no krekt de bedoeling is.

Automatyske ynkasso

Hawwe jo kaarten besteld foar de Slachtemarathon? Dan hawwe jo ús tastimming jûn foar automatyske ynkasso fan it ynskriuwjild fan jo bankrekken. It totaalbedrach sil tusken ein jannewaris en heal febrewaris 2016 fan jo rekken ôfskreaun wurde. It is handich as der dan genôch jild op jo bankrekken stiet. It bedrach wurdt net by elkenien tagelyk ôfskreaun, mar yn ferskate groepen. It is dus mooglik dat it bedrach by de ien al ôfskreaun is en by in oar noch net.