Slachtetille

Slachtetille yn ûnderhâld

Rykswettersteat helle sneon 9 novimber de Slachtetille oer de N31 tusken Frjentsjer en Harns fuort foar ûnderhâld. De brêge foar fuotgongers ferbynt de Slachterûte súdlik fan de N31 mei de rúte noardlik fan de N31.

De Slachtetille, in ûntwerp fan arzjitekt Rein Hofstra, waard yn 2008 pleatst. Yn dat jier makken ek de dielnimmers fan de tredde Slachtemarathon gebrûk fan de brêge.

Begjin 2020 komt de brêge werom. Dat is rom op ‘e tiid foar de sechde Slachtemarathon op sneon 13 juny. Kuierders en hurdrinners kinne oant dy tiid de fytstunnel eastlik fan de Slachtetille brûke.

Freonekuier 2019 Slachtemarathon

Slagge Freonekuier

Op sneon 2 novimber kuieren we mei 100 Freonen fan de Slachtemarathon in rûte fan sa’n 10 km yn natoergebiet Skrok by Easterein.

Marco Hoekstra fan de Fûgelwacht Easterein fertelde de Freonen foar’t se op paad gienen oer dit bysûndere natoergebiet. Us nije artistyk lieder Marten Winters naam de Freonen mei yn syn artistike plannen.

Nei de kuier praatten we noch even by mei de Freonen mei in bakje lokale pompoensop (makke fan in geweldich grutte pompoen fan 10 kilo, genôch foar sop foar 100 kuierders!) en broadsjes yn Restaurant Bergsma Easterein.

Grutte belangstelling foar jierlikse Freonekuier, oanmelde net mear mooglik

Ofrûne moandei ha wy ús Freonen útnûge foar de jierlikse Freonekuier. Dizze kuier wurdt yn alle net-Slachtemarathonjierren organisearre foar ús Freonen, yn de omjouwing fan de Slachtedyk en de doarpen dêr omhinne.

Binnen 24 oeren wienen it maksimale tal oanmeldingen berikt. Wat in entûsjasme!
Spitigernôch is it dus net mear mooglik om dy oan te melden foar de Freonekuier.

Socht: sjueryleden!

Wy sykje in oantal sjueryleden ûnder de dielnimmers oan de Slachtemarathon dy’t de bêste ûntwerpen fan it Tinguely-projekt mei útsykje wolle.

 

Wat hâldt it projekt yn?

Jean Tinguely wie in Switserske keunstner dy’t bekend stiet om syn boartlike, stoere masjinekeunst en explosive performances. Alles moast oars, alles moast yn beweging. Studinten van ferskate opliedingen fan ROC De Friese Poort hawwe de opdracht krigen om ideeën te betinken foar keunstsinnige wettertaappunten, ynspirearre troch it wurk fan Tinguely.

 

Wanneer?

Tongersdei 1 juni fan 12.30 oere oant 15.00 oere yn Snits. De learlingen presintearje dan harren ideeën. Fansels krijst foarôf in útlis oer de sjurearing.

 

Aanmelden als jurylid

Wolst dy oanmelde as sjuerylid? Dat kin oant tiisdei 30 maaie 2017 fia it formulier.  Wy sykje dan in oantal minsken út dy’t ek echt de sjueryleden wurde. Neist de dielnimmerssjuery is der ek in faksjuery. Elkenien dy’t him oanmeldet, krijt uterlik woansdei 31 maaie 2017 berjocht.

Wy sykje frijwilligers!

De Slachtemarathon siket frijwilligers, of eins gasthearen / gastfroulju. De dielnimmers wurde dizze edysje mei bussen nei de start by de seedyk brocht. En no sykje wy minsken dy’t it leuk fine om moarns betiid mei te riden op dy bussen. Om de minsken wolkom te hjitten, miskien sa no en dan wat fragen te beantwurdzjen en om de bussjauffeurs sa no en dan de goeie ôfslach te wizen. Net alle bussjauffeurs komme út Fryslân en kinne wat kennis út Fryslân wol brûke. 😉
 
Wurktiden
De wurktiden binne fan 5 oere moarns oant ûngefear 10.30 oere.
Bist net echt in moarnminsk? Ek foar letter op de dei (fan 9.00 oant ûngefear 20.00 oere) sykje we noch in pear minsken dy’t helpe wolle mei bygelyks it útdielen fan dy moaie Slachtemarathonblokjes by de finish.
Oanmelde
Fynst it leuk om ús te helpen om de Slachtemarathon noch krekt in bytsje moaier te meitsjen? Meld dy dan oan fia info@slachtemarathon.nl. Op sneon 21 maaie om 11 oere ha we in ynformaasjegearkomste foar de frijwilligers. Yn Ljouwert, yn de Blokhuispoort (de âlde finzenis). Soe moai wêze at jim dêr by wêze kinne.

Update oer kaarten, bustiden en starttiden

Wy begrip dat jo graach witte wolle hoe let jo starte op 4 juny en hoe let de bus nei de start fuort giet. Dêrom kinne jo dy gegevens no besjen.

Kuierders

De start- en bustiden binne sûnder nammen en adressen, mar wol mei ynskriuwnûmer. Dat nûmer kinne jo fine op it bankôfskrift by de ôfskriuwing foar de kaarten. It nûmer (dat begjint mei in A foar de kuierders) hawwe we dêr ek brûkt. Yn de pdf kinne jo sykje op dat nûmer. De kaarten komme healweis maaie nei jo ta. Se wurde mei de gewoane post ferstjoerd nei it adres dat wy fan jo hawwe. Dat kinne we trouwens net mear feroarje, want alles leit al by de ferstjoerder.

Besjoch it oersjoch (klik hjir en iepenje it bestân)

Dravers

Foar de dravers jilde de neikommende bus- en starttiden.

Starttiid foar alle dravers is 06.30 oere. Alle bussen binne om 05.45 uur by de start.

De bussen geane fuort om:

  • 05.30 oere út Pietersbierrum wei (Tút en der út)
  • 05.00 oere út Ljouwert wei
  • 04.55 oere út Raerd wei
  • 05.35 oere uit Seisbierrum wei (mei fersoarger)

Wy winskje jim in soad wille mei de lêste tariedings!

Nije rûte yn de app

Der stiet wer in nije oefenrûte yn de app. De rûte rint troch Gaasterlân en is ûngefear 23 km.  Gaasterlân is ien fan de meast ôfwikseljende gebieten fan Fryslân. Bosken, prachtige fiersichten, de Iselmar, binnen- en bûtendykse polders en unike natuergebieten. It is in gloaiend lânskip tusken de Iselmarkust – mei de ûnnederlânske kliffen – en de Fryske marren.

Let op! We wurkje op dit stuit oan in update fan de app. It kin dus wêze dat de oanwizings en de ôfstân dy’t jim rûn ha net (hielendal) goed wurkje. De rûte is wol te sjen en ek wêr’t je rinne, dus ferdwale slagget net. As jim tips ha of ynput foar de update, dan hearre we dat graach op info@slachtemarathon.nl.

Kaarten keapje? Doch foarsichtich!

Fia bygelyks Marktplaats of op in oare wize ien of mear kaarten foar de Slachtemarathon keapje? Us advys: sjoch hiel goed út en doch foarsichtich! Fansels binne der minsken dy’t de kaarten echt ferkeapje wolle, mar der sit ek in oantal charlatans tusken. Twifel? Stjoer in mail nei info@slachtemarathon.nl en we tsjekke it foar dy. Elkenien dy’t kaarten besteld hat, hat in befêstigingsmail krigen. Der binne noch gjin echte kaarten ferstjoerd, dy folgje begjin maaie mei de post. Oh, en hiene we al sein dat dy kaarten hiel moai binne?

Wy sykje muzyk (diel 2)

By de eardere edysjes fan de Slachtemarathon koe elk korps of elke muzykgroep him yndividueel oanmelde foar in plakje lâns de rûte. In hiel soad muzikanten hawwe dat ek al dien en dêr binne we hiel bliid mei! Dit jier wolle we lykwols de muzykprogrammearring krekt wat oars foarm jaan.

Op trije plakken lâns de rûte wolle we dit jier nammentlik graach ferrassende kombinaasjes fan muzikanten del sette. We tinke dan bygelyks oan in korps mei in lokale solist/sjonger/ynstrumentalist, in koar mei in dj, in popband mei in trekzakduo, ensfh.

Op dy trije plakken binne yn totaal 12 fan dy bysûndere kombinaasjes programmeard. De optredens duorje ûngefear 45 minuten.

Wat freegje wy fan de muzikanten?

  • Gean op syk nei dy bysûndere kombinaasjes. Dat meist sels dwaan (dan joust jim as kombinaasje op) of kinst dy as selstannige groep of yndividu oanmelde (dan sykje wy mei jim nei kombinaasjes)
  • Tiid, enerzjy en in iepen blik
  • Tink ek ris oan kombinaasjes mei bygelyks tekstskriuwers of dichters
  • Fynst it nijsgjirrich? Jou dy op!
  • Ek ast dy al opjûn hast en it is neat foar dy/jm, dan hearre wy dat graach. Ek dat kin fia it formulier. (En ek dan is der in plakje foar jim lâns de rûte!)
  • Reagearje kin oant 21 maart fia it reaksjeformulier

Wat biede wy de muzikanten?

  • Profesjonele begelieding: de nije kombinaasjes krije profesjonele begelieding
  • Profesjoneel lûd op de 3 plakken
  • In erfaring om nea te ferjitten
  • Ynspiraasje

Tink der oer nei of dit by jim past. It is oars as oare jierren en der wurdt wol wat fan jim frege yn in koarte tiid. Mar it wurdt ek in erfaring om nea te ferjitten. Boppedat kinst der – mei troch de profesonele begelieding en de bijzondere combinaties – in soad fan opstekke en nije ynspiraasje opdwaan.

Tekstskriuwers en dichters
Ek tekstskriuwers en dichters binne wolkom. Sy kinne har ek oanmelde fia it formulier.

Fragen en antwurden

Dizze ynformaasje stiet ek yn in nijsbrief dy’t ferstjoerd is oan alle muzikanten dy’t har al opjûn hawwe. Dêr stiet ûnderyn ek in listje mei meast stelde fragen en de antwurden dêr op. Dy kinne jimme ek trochlêze.

Oefenrûtes op papier

Der binne ek dielnimmers sûnder smart phone en dy jouwe oan dat ek sy graach de oefernrûtes rinne wolle. Dat kin fansels! Klik hjirûnder op de dokuminten en dan kinst se sels printsje.

Alle oefenrûtes rinne troch de prachtige natoergebieden dy’t beheard wurde troch It Fryske Gea.

In soad oefenwille!

Oefenrûte februari, Ketlik, 8,4 km

Oefenroute maart, Wolvegea, 14,8 km