Folsleine maraton

Hast 1.300 dravers dogge op 15 juny 2024 mei oan de folsleine maraton. De ynskriuwe foar de 6e edysje fan de Slachtemarathon is yntusken sletten. Bisto der by? Op dizze side jouwe we in oersjoch fan watst ferwachtsje kinst as dielnimmer. Yn wike 21 krije alle dielnimmers in persoanlike brief mei dêryn it offisjele startbewiis en startnûmer en de meast wichtige ynformaasje.

Hald de Slachtemarathon ek néi 2024 yn beweging. Wurd Freon!

Folgje de Slachtemarathon op sosjale media. Fynst ús op  Instagram en Facebook. Diel dyn tariedings en ûnderfining by de Slachtemarathon en tag @Slachtemarathon yn dyn berjocht en brûk #Slachte24. De Slachte rinst mei elkoar! By de Slachtemarathon sil Omrop Fryslân fia radio, televyzje en ynternet live ferslach dwaan. Thúsbliuwers kinne it folsleine evenemint dus út de luie stoel wei folgje.

Rûte

De Slachtemarathon is – njonken de Alvestêdetocht – in ikoan yn Fryslân. Rinst oer de iuwenâlde Slachtedyk. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan rom 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa stikken yn it parkoers dy’t besteane út gêrsdyk of sêfte ûndergrûn. Dat is by Frjentsjer en Achlum. It giet om likernôch 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. By net-ferkearsfrije oerstekpunten wurdst begelaat troch ferkearsregelers. Wolst de rûtekaart graach printe? Klik dan hjir. 

Start
Alle startbewizen dy’t ôfjûn wurde binne keppele oan in spesifike namme en byhearrende kontaktgegevens. It is net mear mooglik en lit dyn startbewiis op in oare namme sette. Ek kinst startbewizen net trochstjoere. Krijst dyn unike startbewiis mei startnûmer, starttiid en ferfiersynformaasje fan wike 21 ôf op it postadres datst oanjûn hast. Nim dat mei nei de start!

Dyn startbewiis wurdt twa kear kontrolearre. Ien kear oftst op de goede bus stapst en in kear by de start.

De folsleine maraton start foar alle dielnimmers om 06.30 oere. Der binne twa startfakken: 1 wedstrydfak foar de flugge wedstryddravers en 1 foar alle hurddravers. Sa ûntstiet in lang lint oan dielnimmers dy’t optimaal genietsje kinne fan de prachtige rûte oer de Slachtedyk. Draach dyn startnûmer fan start oant finish sichtber op it boarst. Alle dravers fan de folsleine maraton hawwe maksimaal 5 oeren en 30 minuten de tiid om de finish te heljen. Hast dus oant 12.05 oere de tiid om te finishen en yn de útslach neamd te wurden. Alle útslaggen wurde bekend makke fia www.uitslagen.nl.

Ferfier

Mei spesjale Slachtebussen wurdst nei de start yn Easterbierrum brocht. De startlokaasje kinst net mei dyn eigen ferfier berikke. Yn de dielnimmersynformaasje stiet presys hoe let en wêr’t dyn bus fuort giet. It is net mooglik om in oare lokaasje of oar tydstip op de bus te stappen. Ek is it net mooglik om earder of letter te starten as de starttiid dy’t op dyn startkaart oanjûn stiet. De finish is yn Raerd. Fan dat plak ôf kinst mei in bus weromride nei dyn startlokaasje of litst dy oppikke by de finish. Hâld der rekken mei dat it yn Raerd tige drok wêze kin. Mear ynformaasje fynst op de side ferfier.

Klean

By de start yn Easterbierrum is in klaairomte foar manlju en froulju ynrjochte en kinst dyn klean ôfjaan. Wy soargje der foar dat dyn klean by de finish yn Raerd wer op dy te wachtsjen lizze. Oan dyn startnûmer fynst in kleanlabel dat der ôf te skuorren is. Befêstigje dat goed oan in tas dêr’st dyn klean yn dochst. Der binne tassen beskikber. Doch de klean dêrnei yn ien fan de rolcontainers. Nei de finish hellest dyn klean út de container en kinst dy yn de feesttinte omklaaie. Folgje dêrfoar de boerden yn Raerd. Der is gjin gelegenheid foar in in brûs. De kleanservice is foar eigen risiko.

Fersoarging

Foar in fosleine maraton hast genôch brânstof nedich! Op 10 lokaasje lâns de rûte biede we fruit oan mei bananen, sinesapels en wetter. Op de earste helte fan de rûte is dat om de likernôch 5 km. Fan 30 km ôf en dêrnei binne de fersoargingsposten om de likernôch 2,5 km. Dy plakken wurde oanjûn mei boerden. By de finish is der fruit, wetter, bûljon en tee foar dy. Wy binne leaf foar ús dielnimmers. Bisto ek leaf foar de Slachtedyk? Smyt dyn dzjels, itensrêsten, wetterfleskes en ôffal dêrom yn de dêrfoar bedoelde ôffalbakken. Dy fynst krekt foar, by en nei de fersoargingsposten. It negearjen dêrfan kin dy in tiidstraf opsmite. Mei elkoar hâlde we de Slachtedyk skjin!

Oantinken

Nei ôfrin fan de tocht krijst in unyk oantinken oan dien dielname oan de Slachtemarathon 2024. De Slachtemarathon hat ek in Slachtewebshop, fol mei unike Slachteprodukten, lykas in shirt, cap, singlet en noch folle mear. Wolst hielendal yn Slachtestyl meidwaan oan de maraton en in draachber oantinken oan de maraton hawwe? Gean dan fluch nei de webshop.

Besikersynformaasje

Wurdst brocht of ophelle, of hast belangstellenden dy’t dy oanmoedigje wolle ûnderweis? Klik dan hjir foar mear besikersynformaasje.

Oernachtsje

Friesland.nl hat in oersjoch mei allerhande oernachtingsmooglikheden tichtby de Slachtedyk. Besjoch se hjir.

Meast stelde fragen

Miskien hast nei it lêzen fan de ynformaasje hjir boppe noch fragen oer it kuierjen fan de Slachtemarathon. Gean nei de meast stelde fragen. Stiet dyn fraach der net tusken? Stjoer ús in e-mail. We stribje der nei om alle fragen binnen 1 wike te beantwurdzjen en sille regelmjittich de meast stelde fragen oanfolje.

Foar it meidwaan oan de Slachtemarathon binne de algemiene betingsten fan tapassing. Foar dyn ynskriuwing hast akkoart jûn op dy betingsten. Hjir kinst se yn de veelgestelde vragen neilêze.

De earstfolgjende edysje fan de Slachtemarathon is yn 2028

Hurdrinners dy’t meidogge oan de folsleine maraton en de heale maraton starte om 06.30 oere. De earste groep kuierders start sa’t it no liket om 06.30 oere. 

De folsleine Slachtemarathon start by de seedyk yn Easterbierrum en finishplak is Raerd. 

De Slachtemarathon rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan goed 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa parten yn it parkoers dy ’t bestean út gersdyk of sachte ûndergrûn. Dat is by Frjentsjer en Achlum it gefal. It giet om sa ’n 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. Wol stekst somtiden in net-ferkearsfrije dyk oer, tink dêr goed om! Ferkearsregelers stypje dy dêr en begeliede dy oer de dyk. De rûte krúst ek twa kear in spoaroergong, by Frjentsjer en by Boazum. Ferkearsregelers stypje dy ek dêr en begeliede dy oer de dyk.

De finish foar alle dielnimmers is yn it sintrum fan Raerd op de Buorren by de tsjerke.  

Foar it bedrach fan dy ynskriuwing ferrasse wy dy mei in grut spektakel fan muzyk, kultuer en in prachtich lânskip. De priis is ynklusyf busferfier, parkeare yn Raerd, (foar in part) yn Ljouwert en Pietersbierrum/Seisbierrum. Nei ôfrin fan de tocht krijst ta beslút in moai oantinken: it Slachtemarathonblokje. Wolst dêrneist ek noch it spesjale Slachte Shirt of singlet bestelle? Dat kin tsjin in mearpriis by it ôfrekkenjen fan dyn kaarten. 

De tijdslimyt stiet op 5.30 oeren.

Als Freon van de Slachtemarathon hast in tal nijsgjirrige privileezjes. Hast dy ynskreaun as Freon foar 1 oktober 2023, dan kinst in wike earder twa kaarten foar de Slachtemarathon bestelle, wêrtroch ast altyd wis bist fan de Slachtemarathon. Ek kinst in foarkar foar in starttiid oanjaan by de kaartferkeap. Nij dit jier is de koarting dy’tst op dyn kaartsje krijst. By it draven fan de folsleine maraton betellest € 42,50 yn stee fan de reguliere priis fan € 55,-. Dêrneist organisearje we yn net-Slachtemarathonjierren in spesjale kuier foar ús Freonen, de Freonekuier. 

Ast Freon bist fna de Slachtemarathon en wolst gebrûk meitsje fan de mooglikheid om in wike earder te bestellen as de reguliere kaartferkeap, dan hast dyn Freonenûmer nedich. Dat Freonenûmer kinst fine op dyn bankôfskrift of by it online bankieren by de ôfskriuwing fan dyn Freonebydrage oan de Slachtemarathon (automatyske ynkasso). 

De priisútrikking fan likegoed de Slachtemarathon 42,195 km (folsleine maraton) as de Slachtemarathon 21,1 km (heale maraton) is op it poadium by de finish op de Buorren by de tsjerke. De neikommende winners wurde huldige:

  • Earste 3 manlju en earste 3 froulju 42,195 km (folsleine maraton)
  • Earste 3 manlju en earste 3 froulju 21,1 km (heale maraton)

Foar alle hurdrinners wurdt de tiid registrearre troch in chip achterop it startnûmer. Nei it evenemint fynst de útslach werom op de útslaggenside op de website uitslagen.nl. 

Der is medyske helpferliening oanwêzich. Lês hjir letter mear oer de lokaasjes fan de medyske stipe foar hurdrinners. 

Op de start-/finishlokaasje en by de fersoargingsposten binne húskes oanwêzich. Ek om de 2 km lâns de route binne der WC’s. 

By it evenemint wurde pendelbussen brûkt. It pendelbusticket is foar dielnimmers ynbegrepen by harren ynskriuwing. Hast freonen en famylje dy’t dy oanmoedigje wolle? Stjoer harren dizze ynformaasje troch. Parkeare is net oeral mooglik en guon diken binne ôfsluten. 

Parkeare op en tichteby de startlokaasje yn Easterbierrum troch dielnimmers is net tastien. Ferfier nei de start en fan de finish werom, bart mei spesjale Slachtebussen. Kinst dêrby in kar meitsje tusken 3 ferskillende opsjes. Lês dy opsjes goed troch foar’st dy ynskriuwst. Kinst dyn kar letter net feroarje.

Mear oer de ferfiersopjes.

It is net tastien dat fersoargers op de fyts mei dy mei geane op de folsleine rûte. As dat dochs it gefal is, dan folget diskwalifikaasje. 

Dielnimmers oan de 42,195 km kinne harren klean ôfjaan en ynleverje by de start yn Easterbierrum. Kinst dyn tas mei kleanlabel nei de finish yn Raerd op de Buorren by de tsjerke oant 13.00 oere wer ophelje. Oan dyn startnûmer sit in label datst der ôf skuorre kinst, befêstigje dy goed oan dyn tas. Dy service is op eigen risiko. By de start lizze eventuele tassen dy’tst brûke kinst. 

Dielnimmers oan de 21,1 km (heale maraton) kinne tichteby de start harren âlde klean yn in goede-doele-kontener dwaan en ôfstean foar it goede doel dat letter bekend makke wurdt. Der binne húskes oanwêzich ticht by de start foar de dravers.

Dielname oan de Slachtemarathon is op eigen ferantwurdlikens en risiko. By ynskriuwing hawwe jo akkoart jûn op it wedstriid- en dielnimmersreglemint fan de Atletiekunie.

Nee, dit is in foarriedige tawizing. Ofhinklik fan it tal dielnimmers en it oanbod fan leveransiers kin it wêze dat Slachtemaraton oanpassingen trochfiere moat. Do krijst hjiroer begjin maaie 2024 berjocht.

Je kinne de Slachtemaraton de hiele dei folgje fia Omrop Fryslân. Mochtst wol graach ien oanmoedigje wolle, hâld dan rekken mei it folgjende:

  • Guon diken binne ôfsletten en it is net foar elk part fan de rûte like maklik om by de Slachtedyk te kommen.
  • Kom safolle mooglik op de fyts nei de Slachtedyk
  • Der binne twa offisjele parkearplakken, by Wommels en by Raerd
  • By de finish sil it smoardrok wêze. It is dêrom handich om in bytsje yndikaasje te hawwen oer it tiidstip dat dyn persoan oan komt. Is hy / sy oer de streek, bliuw dan net te lang hingjen by de finish, mar nim him / har mei nei it festival terrein krekt bûten it doarp Raerd.

De befêstigingsmail komt fan inschrijven.nl. Tsjek ek dyn spam of net-winske mail. Ast gjin befêstigingsmail krigen hast, nim dan kontakt op fia it kontaktformulier. 

Nei it sluten fan de online ynskriuwing is it net mear mooglik om yn te skriuwen.

Oant en mei 10 maaie is it mooglik om in wiziging troch te fieren yn dyn gegevens. Nei dy datum is it net mear mooglik om wat te feroarjen. Tink derom! Is it net mooglik om dyn ferfiersopsje te feroarjen nei ynskriuwing. 

De organisaasje hâldt him it rjocht foar de rûte, start – en/of finishtiden en/of -plak te wizigjen oft de Slachtemarathon hielendal of foar in part ôf te sizzen op grûn fan ekstreme waarsomstannichheden of oare kalamiteiten, as dat yn reedlikens net oars fan de organisaasje ferwachte wurde kin. 

As de Slachtemarathon skrast wurde moat, sil de organisaasje alles yn it wurk stelle dat fan de Stichting frege wurde kin om in ferfangende datum oan te bieden. De Stichting is lykwols net ferplichte in oare datum oan te bieden. 

De organisaasje kin net ferantwurdlik steld wurde foar persoanlik makke kosten as it evenemint troch oermacht skrast wurde moat.

Op dit stuit binne alle frijwilligerstaken dy’t der ta dogge by de Slachtemarathon noch net bekend. We sille dêroer yn koarten mear ynformaasje op ús website sette. Wolsto ús helpe by in evenemint? Meld dy oan fia info@slachtemarathon.nl

  • De dielnimmer ferklearret him bekend mei it feit dat dielname in goede sûnens yn sawol psychyske as fysike sin fereasket, en ferklearret dat er oan dizze eask foldocht en dat er him troch training en op oare wizen genôch taret hawwe sil op de Slachtemarathon. 
  • Dielname bart op eigen risiko en foar eigen ferantwurdlikens. 
  • De dielnimmer ferklearret de persoansgegevens neffens wierheid ynfolle te hawwen en de troch de organisaasje stelde minimum leeftiid foar dielname berikt te hawwen. 
  • Dielnimmer ferlient yn it foar tastimming oan de organisator foar it iepenbier meitsjen fan ûnder of om it evenemint hinne makke foto’s en byldmateriaal en sa, dêr ’t de dielnimmer sichtber op is. 
  • De ferkearsregels moatte respektearre wurde. Folgje de ynstruksjes fan de meiwurkers fan de Slachtemarathon en/of de feilichheidstsjinsten altyd op. 
  • Dyn starttiid wurdt bepaalt troch it tiidstip fan ynskriuwen. Hoe letter ast ynskriuwst, hoe letter dyn starttiid. Freonen fan de Slachtemarathon hawwe de mooglikheid om in winske starttiid yn te foljen. De Stichting Slachtemarathon sil safolle mooglik yn it wurk stelle om oan harren winske starttiid te foldwaan. 
  • De dielnimmers oan de Slachtemarathon geane respektfol mei-inoar en de meiwurkers fan de Slachtemarathon om. 
  • Beskeadigje of ferûntreinigje de natuer net. 
  • Hûnen binne net tastien op de rûte. 
  • It brûken fan kuierstokken is net tastien op de rûte. 
  • Mei dyn ynskriuwing joust tastimming foar it meitsjen en brûken fan foto’s en filmbylden.