Ferfier

De Slachtemarathon start dit jier foar alle kuierders en hurdrinners dy’t meidogge oan de folsleine maraton by Easterbierrum. De heale maraton start krekt boppe Wommels. Kuierders en hurdrinners dy’t meidogge oan de folsleine maraton kinne op 3 wizen by de start komme. By it ynskriuwen moatst ien fan dy trije mooglikheden oanjaan. Nei ynskriuwing kinst dy kar net mear feroarje. Foar dielnimmers oan de heale maraton binne der twa ferfiersopsjes. By it ynskriuwen moatst ien fan de ferskate opsjes oanjaan. Nei ynskriuwing kinst dyn kar net mear feroarje. 

Keuzemooglikheden 42 km: 

Foar likegoed de folsleine maraton kuierje as drave jildt datst mei in spesjale Slachtebus nei de startlokaasje brocht wurdst. Dyn startkaart is ynklusyf dit busferfier foar de fosleine maraton, hjir betellest dus net ekstra foar. De diken yn de omjouwing fan de start by Easterbierrum binne ôfset foar alle ferkear, ek foar fytsen! Hast 3 opsjes foar hoe ‘st yn de Slachtebus komst. 

Op dyn startkaart wurdt oanjûn hoe let én wêr ‘t dyn bus fuortgiet. By it ynstappen yn de bus wurdst kontrolearre. Ynstappe op in oar tiidstip of oare lokaasje is echt net mooglik. Betink dêrom yn it foar goed wat foar dy de handichste en bêste wize is om by de start te kommen.

  1. Parkearst de auto by finishplak Raerd (of wurdst dêr brocht) en stapst dêr op de Slachtemarathonbus dy ‘t dy nei de start oan de seedyk bringt. Kosten foar it parkearjen yn Raerd binne by de startkaart ynbegrepen. 
  2. Stapst op de Slachtemarathonbus dy ‘t út Ljouwert wei fuortgiet (rinôfstân fan it NS-stasjon). Dizze opsje is benammen geskikt foar minsken dy ‘t mei it iepenbier ferfier reizgje of yn de omjouwing fan Ljouwert wenje / útfanhûzje. Yn Ljouwert is foldwaande parkeargelegenheid efter it stasjon (betelle). 
  3. Litst dy bringe nei Pitersbierrum / Seisbierrum en stapst dêr op de bus nei de start. Yn Pitersbierrum / Seisbierrum is gjin mooglikheid de auto te parkearjen. Kinst hjir allinnich ôfset wurde (tút-en-derút ). Let op: fanút Raerd (finish) geane der middeis en jûns allinnich bussen werom nei Ljouwert, net nei Pitersbierrum / Seisbierrum. 

Keuzemooglikheden 21 km: 

Foar de heale maraton krekt boppe Wommels komst mei eigen ferfier nei de startlokaasje. Der binne twa opsjes. 

  1. Litst dy ôfsette by de bushalte fan Wommels en rinst dêrwei (tút-en-derút ) nei de startlokaasje. Dat is in ôfstân fan sa ‘n 300 meter. 
  2. Komst mei eigen ferfier en parkearst de auto tichteby de startlokaasje boppe Wommels. Ast foar dy lêste opsje de kar makkest, besykje dan te carpoolen.