De Slachtemaraton ferwolkommet, njonken dielnimmers en taskôgers, ek graach sjoernalisten. Wolst ferslach dwaan fan de Slachtemaraton? Folje de online oanfraach foar in parseakkreditaasje yn. Nei dyn oanfraach krigest in parsekaart. De pas jout je tagong ta alle lokaasjes.

  • De parsekaart is der foar alle profesjonele media wêrûnder sjoernalisten, fotografen, fideomakkers en influencers.
  • Oanfragen foar akkreditaasje wurd allinnich yn behanneling nommen as hja yntsjinne wurde fia it offisjele formulier.
  • As dyn oanfraach folslein is, litte wy binnen maksimaal 15 wurkdagen witte oft men akkreditearre is. De Slachtemaraton hâldt him it rjocht foar akkreditaasje goed te karren of te wegerjen.
  • Dyn parsekaart foar de Slachtemaraton 2024 is persoanlik en mei net oerdroegen wurde oan tredden.
  • Yn Raerd is in romte ynrjochte foar de parse mei Wifi
  • Binnen fjouwer wiken nei de Slachtemaraton ûntfange wy graach it publisearre artikel of foto’s / fideo’s fia kommunikaasje@slachtemaraton.nl.
Wy advisearje fóár 1 maaie 2024 in akkreditaasje oan te freegjen. Yn dat gefal krigest de perspas op ‘e tiid mei de post stjoerd. Foar oanfragen dy ‘t nei dy tiid binnenkomme jildt dat de perspas ophelle wurde moat by de parseromte yn Raerd.
Foar fragen oer de akkreditaasjeproseduere kinst kontakt opnimme mei kommunikaasje@slachtemaraton.nl
Foar alle parserelatearre saken kinst kontakt opnimme mei Jojanneke Drijver, haad Marketing en Kommunikaasje. Sy stiet klear om dy te assistearjen by akkreditaasje, parseynformaasje, tips en ynterviews. Nim kontakt op fia jojanneke@slachtemaraton.nl of belje 06 23 2100 89