Kuierders

Rom 10.500 kuierders dogge op 15 juny 2024 mei oan de 6e edysje fan de Slachtemarathon. De ynskriuwing is yntusken sletten. Bisto der by? Op dizze side jouwe we in oersjoch fan watst ferwachtsje kinst as dielnimmer. Yn wike 21 krijst in persoanlike mail, mei dêryn dyn startnûmer, startbewiis en startynformaasje. Hald dyn mailbox dus yn de gaten! De stimpelkaart krijst by de start.

Hâld de Slachtemarathon ek néi 2024 yn beweging. Wurd freon!

Folgje de Slachtemarathon op sosjale media. Fynst ús op  Instagram en Facebook. Diel dyn tariedings en ûnderfining by de Slachtemarathon en tag @slachtemarathon yn dyn berjocht en brûk #Slachte24. De Slachte rinst mei elkoar! By de Slachtemarathon sil Omrop Fryslân fia radio, televyzje en ynternet live ferslach dwaan. Thúsbliuwers kinne it folsleine evenement dus út de luie stoel wei folgje.

Rûte

De Slachtemarathon is – njonken de Alvestêdetocht – in ikoan yn Fryslân. Rinst oer de iuwenâlde Slachtedyk. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan rom 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa stikken yn it parkoers dy’t besteane út gêrsdyk of sêfte ûndergrûn. Dat is by Frjentsjer en Achlum. It giet om likernôch 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. By net-ferkearsfrije oerstekpunten wurdst begelaat troch ferkearsregelers. Wolst de rûte graach útprinte? Klik dan hjir. 

Start

Alle startbewizen dy’t ôfjûn wurde, binne keppele oan in spesike namme en byhearrende kontaktgegevens. It is net mear mooglik om dyn startbewiis op in oare namme sette te litten. Ek kinst startbewizen net trochstjoere. Krijst dyn unike startbewiis mei starttiid, opstapplak en ôfreistiid foar de bus yn wike 21 op it mailadres datst trochjûn hast. Nim dy útprinte of as screenshot op dyn telefoan mei nei de start! Dyn startbewiis wurdt twa kear kontrolearre. Ien kear oftst op de goede bus stapst en in kear by de start. De earste dielnimmers sette om 07.00 oere útein. Hast oant uterlijk 22.30 oere de tiid om te finishen. Foar alle kuierders is der dêrmei genôch tiid om ek ûnderweis te genietsjen fan it programma en ta rêst te komen yn ien fan de trije oases ûnderweis.

Ferfier

Mei spesjale Slachtebussen wurdst nei de start yn Easterbierrum brocht. De startlokaasje kinst net mei eigen ferfier berikke. Yn de dielnimmersynformaasje stiet presys hoe let en wêr dyn bus ôfset. It is net mooglik om op in oare lokaasje of op in oar tydstip op de bus te stappen. Ek is it net mooglik earder of letter te starten as de starttiid dy’t op dyn kaart oanjûn stiet. De finish is yn Raerd. Fan dat plak ôf kinst mei in bus werom ride nei dyn startlokaasje of litst dy oppikke by de finish. Hald der rekken mei dat it yn Raerd tige drok wêze kin. Mear ynformaasje fynst op de side ferfier.

Programma

Under it kuierjen fan de Slachtemarathon is der fan alles te belibjen. Fyftich orkesten en koaren spylje en sjonge lâns de rûte en foarmje sa in unike muzikale reade tried by de tocht. Lês hjir mear oer de muzyk ûnderweis. De Slachtemarathon is opdield yn 22 dykfakken. Elk dykfak biedt in folslein eigen kultureel programma, oanbean troch de doarpen dy’t oan de Slachtedyk lizze. In foarpriuwke fan it kulturele programma fynst hjir. Fansels is der e kromte en rêst om te genietsjen fan it prachtige lânskip.

Oantinken

Nei ôfrin fan de tocht krijst in unyk oantinken oan dyn dielname oan de Slachtemarathon 2024. Lit dêrfoar dyn folle stimpelkaart sjen dy’tst by de start fan de Slachtemarathon krigen hast. De Slachtemarathon hat ek in Slachtewebshop, fol mei unike Slachteprodukten, lykas in shirt, cap, singlet en noch folle mear. Wolst hielendal yn Slachtestyl meidwaan oan de maraton en in draachber oantinken oan de maraton hawwe? Gean dan gau nei de webshop.

Besikersynformaasje

Wurdst brocht of helle, of hast belangstellenden dy’t dy oanmoedigje wolle ûnderweis? Klik dan hjir foar mear besikersynformaasje.

Oernachtsje

Friesland.nl hat in oersjoch mei allerhande oernachtingsmooglikheden tichtby de Slachtedyk. Besjoch se hjir.

Meast stelde fragen

Miskien hast nei it lêzen fan de ynformaasje hjir boppe noch fragen oer it kuierjen fan de Slachtemarathon. Gean nei de meast stelde fragen. Stiet dyn fraach der net tusken? Stjoer ús in e-mail. We stribje der nei om alle fragen binnen 1 wike te beantwurdzjen en sille regelmjittich de meast stelde fragen oanfolje.

Foar it meidwaan oan de Slachtemarathon binne de algemiene betingsten fan tapassing. Foar dyn ynskriuwing hast akkoart jûn op dy betingsten. Hjir kinst se neilêze.

De earstfolgjende edysje fan de Slachtemarathon is yn 2028

Foar kuierders binne der ferskillende starttiden. Nei ynskriuwing krijst in startbewiis op namme mei starttiid en stimpelkaart. De starttiden wurde ferdield op folchoarder fan ynskriuwing. De alderearste starttiid sil om 7.00 oere hinne wêze. De lêste kuierders starte tusken 11.30 en 12.00 oere. In maraton kuierje kostet sa’n 10 oeren tiid. De lêste kuierders kinne om 22.00 oere finishe. Hast dus alle tiid om te kuierjen, te genietsjen fan it programma en tuskentroch ta rêst te kommen yn ien fan de oases ûnderweis. Kuierst yn in lange sliert oan dielnimmers, sadatst yn rêst en romte genietsje kinst fan it programma en de prachtige rûte.

De lêste tiid wêrop ast finishe kinst is 22.00 oere. Alle dielnimmers dy’t foar dy tiid binnen komme, krije it spesjale Slachtemarathonblokje as oantins. 

De folsleine Slachtemarathon start by de seedyk yn Easterbierrum en it finishplak is Raerd. 

De Slachtemarathon rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan sa’n 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa parten yn it parkoers dy’t besteane út gersdyk of sachte ûndergrûn. Dat is it gefal by Frjentsjer en Achlum. It giet om sa’n 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. Wol stekst somtiden in net-ferkearsfrije dyk oer, tink dêr goed om! Ferkearsregelers stypje dy dêr en begeliede dy oer de dyk. De rûte krúst ek twa kear in spoaroergong, by Frjentsjer en by Boazum. Ferkearsregeler stypje ek dêr en begeliede dy oer de dyk. 

As Freon fan de Slachtemarathon hast in tal nijsgjirrige privileezjes. Hast dy ynskrean foar 1 oktober 2023, dan kinst in wike earder kaarten foar de Slachtemarathon bestelle, wêrtroch ast altyd wis bist fan dielname. Ek kinst in foarkar foar in starttiid opjaan by de kaartferkeap. Nij dit jier is de € 5,- koarting dy’tst op dyn kaartsje krijst. Betellest by it kuierjen dêrtroch bygelyks € 37,50 yn stee fan de reguliere priis fan € 42,50. Dêrneist organisearje we yn net-Slachtemarathonjierren in spesjale kuier foar ús Freonen, de Freonekuier. 

Nei it sluten fan de online ynskriuwing is it net mear mooglik om yn te skriuwen.

Oant en mei 10 maaie is it mooglik om in wiziging troch te fieren yn dyn gegevens. Nei dy datum is it net mear mooglik om wat te feroarjen. Tink derom! Is it net mooglik om dyn ferfiersopsje te feroarjen nei ynskriuwing. 

Nee, dit is in foarriedige tawizing. Ofhinklik fan it tal dielnimmers en it oanbod fan leveransiers kin it wêze dat Slachtemaraton oanpassingen trochfiere moat. Do krijst hjiroer begjin maaie 2024 berjocht

Foar kuierders en hurdrinners is de minimumleeftiid 16 jier. Bern ûnder de 16 jier meie allinnich ûnder tafersjoch fan in folwoeksene de Slachtemarathon rinne. 

Nee, de Slachtemarathon is ferbean foar hûnen. 

By it evenemint wurde pendelbussen brûkt. It pendelbusticket is foar dielnimmers ynbegrepen by harren ynskriuwing. Hast freonen en famylje dy’t dy oanmoedigje wolle? Stjoer harren dizze ynformaasje troch. Parkeare is net oeral mooglik en guon diken binne ôfsluten. 

Parkeare op en tichteby de startlokaasje yn Easterbierrum troch dielnimmers is net tastien. Ferfier nei de start en fan de finish werom, bart mei spesjale Slachtebussen. Kinst dêrby in kar meitsje tusken 3 ferskillende opsjes. Lês dy opsjes goed troch foar’st dy ynskriuwst. Kinst dyn kar letter net feroarje. Mear oer de ferfiersopjes.

Je kinne de Slachtemaraton de hiele dei folgje fia Omrop Fryslân. Mochtst wol graach ien oanmoedigje wolle, hâld dan rekken mei it folgjende:

  • Guon diken binne ôfsletten en it is net foar elk part fan de rûte like maklik om by de Slachtedyk te kommen.
  • Kom safolle mooglik op de fyts nei de Slachtedyk
  • Der binne twa offisjele parkearplakken, by Wommels en by Raerd
  • By de finish sil it smoardrok wêze. It is dêrom handich om in bytsje yndikaasje te hawwen oer it tiidstip dat dyn persoan oan komt. Is hy / sy oer de streek, bliuw dan net te lang hingjen by de finish, mar nim him / har mei nei it festival terrein krekt bûten it doarp Raerd.

Op dit stuit binne alle frijwilligerstaken dy’t der ta dogge by de Slachtemarathon noch net bekend. We sille dêroer yn koarten mear ynformaasje op ús website sette. Wolsto ús helpe by in evenemint? Meld dy oan fia info@slachtemarathon.nl

Algemiene betingsten

  • De dielnimmer ferklearret him bekend mei it feit dat dielname in goede sûnens yn sawol psychyske as fysike sin fereasket, en ferklearret dat er oan dizze eask foldocht en dat er him troch training en op oare wizen genôch taret hawwe sil op de Slachtemarathon. 
  • Dielname bart op eigen risiko en foar eigen ferantwurdlikens. 
  • De dielnimmer ferklearret de persoansgegevens neffens wierheid ynfolle te hawwen en de troch de organisaasje stelde minimum leeftiid foar dielname berikt te hawwen. 
  • Dielnimmer ferlient yn it foar tastimming oan de organisator foar it iepenbier meitsjen fan ûnder of om it evenemint hinne makke foto’s en byldmateriaal en sa, dêr ’t de dielnimmer sichtber op is. 
  • De ferkearsregels moatte respektearre wurde. Folgje de ynstruksjes fan de meiwurkers fan de Slachtemarathon en/of de feilichheidstsjinsten altyd op. 
  • Dyn starttiid wurdt bepaalt troch it tiidstip fan ynskriuwen. Hoe letter ast ynskriuwst, hoe letter dyn starttiid. Freonen fan de Slachtemarathon hawwe de mooglikheid om in winske starttiid yn te foljen. De Stichting Slachtemarathon sil safolle mooglik yn it wurk stelle om oan harren winske starttiid te foldwaan. 
  • De dielnimmers oan de Slachtemarathon geane respektfol mei-inoar en de meiwurkers fan de Slachtemarathon om. 
  • Beskeadigje of ferûntreinigje de natuer net. 
  • Hûnen binne net tastien op de rûte. 
  • It brûken fan kuierstokken is net tastien op de rûte. 
  • Mei dyn ynskriuwing joust tastimming foar it meitsjen en brûken fan foto’s en filmbylden.