Ien kear yn de fjouwer jier bart der wat spesjaals op en om de iuwenâlde Slachtedyk. Rom 15.000 kuierders en dravers meitsje in bysûndere tocht fan 42 kilometer troch de kulturele etalaazje fan Fryslân. Se wurde ûnderweis ferrast mei byldzjende keunst, teater, dûns en muzyk. De doarpen by de rûte del hawwe in wichtige rol yn de programmearring ûnderweis. Fansels is der ek romte en rêst om te genietsjen fan it prachtige lânskip.
Histoarje
De Slachtedyk is in saneamde slieperdyk fan de âlde Fryske Middelsee. As oaniensletten dyk hat de Slachtedyk in lytse 500 jier bestien, mar stikken fan de dyk binne folle earder oanlein. De âldste datearring giet werom nei mar leafst rom foar it jier 1000. De jongste parten binne om 1200 hinne oanlein. In âld part leit om de west- en súdside fan de polder fan Easterein, ien fan de earste bedykte gebieten fan Fryslân.
Slingerjend troch histoarje
De Slachtedyk is in libbene en bochtige dyk. Oan de iene kant hat dat te krijen mei it feit dat yn de midsiuwen it gebiet in lânskip wie fan hichten en delten, fan slenken en prielen. Oan de oare kant hawwe ek grûnbesitters yn dy tiid ynfloed hân. De dykbouwers sochten nei hege stikken grûn of it leafst heech opstowde kantwâlen om mei in basishichte in begjin te meitsjen mei de dyk. De grûnbesitters moasten dit dan wol tastean.
De Slachte fertelt
De Slachtedyk is ryk oan histoarje. Dykhuzen mei houten blokskuorren by de rûte del fertelle oer it ûnderhâld en it fruchtgebrûk fan de bermen. Dêrneist fertelle de silen (slûsbrêgen dêr’t de iepeningen fan mei balken tichset wurde koene) de ferhalen oer oerstreamingen.
Kuierje en drave oer histoarje
De Slachtemarathon is kuierje en drave oer histoarje. Fan de seedyk by Easterbierrum oant yn it hert fan Fryslân yn Raerd, mjit de âlde Slachtedyk de ôfstân fan in marathon: rom 42 kilometer. Yn july 2000 waard yn it ramt fan Simmer 2000 foar it earst in marathon oer de âlde dyk hâlden: de Slachtemarathon. Dêrmei waard in tradysje berne. Ien kear yn de fjouwer jier is der in Slachtemarathon.