Klean

Voor de Slachtemarathon 2020 hebben we een uniek t-shirt en hoody laten ontwerpen. Deze kun je meebestellen met je kaart(en).

Wandelshirt of hardloopshirt (dames en heren)
Het rode limited edition t-shirt is er in een dames- en herenmodel en in een wandel- en een hardloopversie.
Het wandelshirt is gemaakt van een comfortabele, ademende stof, speciaal voor wandelaars.
Het hardloopshirt is gemaakt van een ademende (technische) stof, speciaal ontwikkeld voor hardlopers. De stof voert transpiratievocht af en zorgt er daardoor voor dat de huid droog blijft en je niet afkoelt.

Op beide shirts is ons Slachtemarathon 2020 – icoon afgebeeld, dat ons thema Stream verbeeldt.

Als je kaarten bestelt voor wandelaars krijg je het wandelshirt aangeboden. Als je een hardloopkaart bestelt, krijg je een hardloopshirt aangeboden.
Het ontwerp van het hardloopshirt wijkt iets af van het voorbeeld hieronder.

De prijs van het t-shirt is € 17,50 exclusief verzendkosten.

Maten shirts
Dames XS – XXXL (3XL)
Heren S – XXXXL (4XL)

 

Hoody (unisex)
De witte limited edition hoody’s zijn unisex: er is dus geen dames- en herenmodel. De hoody is gemaakt van een mooie warme stof, met capuchon, met een unieke Slachtemarathon 2020-bedrukking.

De prijs van de hoody is € 35,00 exclusief verzendkosten.

Maten hoody (unisex, dus geen dames- en herenmodel)
XS – XXXXL (4XL)

De kleding wordt in april bezorgd. Je betaalt € 7,50 verzendkosten per bestelling.

GroenLeven en Slachtemarathon: partners mei omtinken foar it Fryske lânskip

Juster tekenen Anne Jochum de Vries, foarsitter fan de Slachtemarathon en Roland Pechtold, einferantwurdlike fan GroenLeven, een partneroerienkomst foar de kommende Slachtemarathon. Beide partners binne dêr tige grutsk op.

“We passen by elkoar en begripe elkoar”, seit Anne Jochum de Vries. “We kinne elkoar helpe om ús doelstellings te berikken. De Slachtemarathon wol in evenemint foar kuierders en dravers organisearje, op, om en mei each foar de prachtige Slachtedyk en har omjouwing. De Slachtemarathon en alle minsken dy’t belutsen binne en meidogge hawwe tomeloaze enerzjy, mar ek in flink enerzjyferbrûk. Wy wolle ferduorsumje en sa kamen we by elkoar. Der wie fuortdaliks in ferbining.”

Roland Pechtold: “We konden eigenlijk geen nee zeggen. Persoonlijk klikte het, we zijn een Fries bedrijf en het thema ‘Stream/Stroom’ past gewoon zo goed. Het is echt een partnership. En een gouden kans om onze beide verhalen op een positieve manier te vertellen. Wij zijn er enorm trots op dat we samen gaan werken.”

Yn de praktyk betsjut it dat we ynsette op de fierdere ferduorsuming fan de Slachtemarathon. Der sille bygelyks sinnepanielen ferwurke wurde yn de artstike uteringen by de rûte del. We freegje omtinken foar it prachtige en kontinu feroarjende Fryske lânskip

Oanmelding muzyk iepen!

Makkest muzyk? Meld dysels of dyn korps, koar of band oan om muzyk te meitsjen by de Slachtemarathon op sneon 13 juny 2020. Makkest mei de doarpen, de dielnimmers en de keunstners ûnderweis de Slachtemarathon-sfear! Der is in fergoeding beskikber.

Read more

Slachtetille

Slachtetille yn ûnderhâld

Rykswettersteat helle sneon 9 novimber de Slachtetille oer de N31 tusken Frjentsjer en Harns fuort foar ûnderhâld. De brêge foar fuotgongers ferbynt de Slachterûte súdlik fan de N31 mei de rúte noardlik fan de N31.

De Slachtetille, in ûntwerp fan arzjitekt Rein Hofstra, waard yn 2008 pleatst. Yn dat jier makken ek de dielnimmers fan de tredde Slachtemarathon gebrûk fan de brêge.

Begjin 2020 komt de brêge werom. Dat is rom op ‘e tiid foar de sechde Slachtemarathon op sneon 13 juny. Kuierders en hurdrinners kinne oant dy tiid de fytstunnel eastlik fan de Slachtetille brûke.

Freonekuier 2019 Slachtemarathon

Slagge Freonekuier

Op sneon 2 novimber kuieren we mei 100 Freonen fan de Slachtemarathon in rûte fan sa’n 10 km yn natoergebiet Skrok by Easterein.

Marco Hoekstra fan de Fûgelwacht Easterein fertelde de Freonen foar’t se op paad gienen oer dit bysûndere natoergebiet. Us nije artistyk lieder Marten Winters naam de Freonen mei yn syn artistike plannen.

Nei de kuier praatten we noch even by mei de Freonen mei in bakje lokale pompoensop (makke fan in geweldich grutte pompoen fan 10 kilo, genôch foar sop foar 100 kuierders!) en broadsjes yn Restaurant Bergsma Easterein.

Grutte belangstelling foar jierlikse Freonekuier, oanmelde net mear mooglik

Ofrûne moandei ha wy ús Freonen útnûge foar de jierlikse Freonekuier. Dizze kuier wurdt yn alle net-Slachtemarathonjierren organisearre foar ús Freonen, yn de omjouwing fan de Slachtedyk en de doarpen dêr omhinne.

Binnen 24 oeren wienen it maksimale tal oanmeldingen berikt. Wat in entûsjasme!
Spitigernôch is it dus net mear mooglik om dy oan te melden foar de Freonekuier.

Socht: sjueryleden!

Wy sykje in oantal sjueryleden ûnder de dielnimmers oan de Slachtemarathon dy’t de bêste ûntwerpen fan it Tinguely-projekt mei útsykje wolle.

 

Wat hâldt it projekt yn?

Jean Tinguely wie in Switserske keunstner dy’t bekend stiet om syn boartlike, stoere masjinekeunst en explosive performances. Alles moast oars, alles moast yn beweging. Studinten van ferskate opliedingen fan ROC De Friese Poort hawwe de opdracht krigen om ideeën te betinken foar keunstsinnige wettertaappunten, ynspirearre troch it wurk fan Tinguely.

 

Wanneer?

Tongersdei 1 juni fan 12.30 oere oant 15.00 oere yn Snits. De learlingen presintearje dan harren ideeën. Fansels krijst foarôf in útlis oer de sjurearing.

 

Aanmelden als jurylid

Wolst dy oanmelde as sjuerylid? Dat kin oant tiisdei 30 maaie 2017 fia it formulier.  Wy sykje dan in oantal minsken út dy’t ek echt de sjueryleden wurde. Neist de dielnimmerssjuery is der ek in faksjuery. Elkenien dy’t him oanmeldet, krijt uterlik woansdei 31 maaie 2017 berjocht.

Wy sykje frijwilligers!

De Slachtemarathon siket frijwilligers, of eins gasthearen / gastfroulju. De dielnimmers wurde dizze edysje mei bussen nei de start by de seedyk brocht. En no sykje wy minsken dy’t it leuk fine om moarns betiid mei te riden op dy bussen. Om de minsken wolkom te hjitten, miskien sa no en dan wat fragen te beantwurdzjen en om de bussjauffeurs sa no en dan de goeie ôfslach te wizen. Net alle bussjauffeurs komme út Fryslân en kinne wat kennis út Fryslân wol brûke. 😉
 
Wurktiden
De wurktiden binne fan 5 oere moarns oant ûngefear 10.30 oere.
Bist net echt in moarnminsk? Ek foar letter op de dei (fan 9.00 oant ûngefear 20.00 oere) sykje we noch in pear minsken dy’t helpe wolle mei bygelyks it útdielen fan dy moaie Slachtemarathonblokjes by de finish.
Oanmelde
Fynst it leuk om ús te helpen om de Slachtemarathon noch krekt in bytsje moaier te meitsjen? Meld dy dan oan fia info@slachtemarathon.nl. Op sneon 21 maaie om 11 oere ha we in ynformaasjegearkomste foar de frijwilligers. Yn Ljouwert, yn de Blokhuispoort (de âlde finzenis). Soe moai wêze at jim dêr by wêze kinne.

Update oer kaarten, bustiden en starttiden

Wy begrip dat jo graach witte wolle hoe let jo starte op 4 juny en hoe let de bus nei de start fuort giet. Dêrom kinne jo dy gegevens no besjen.

Kuierders

De start- en bustiden binne sûnder nammen en adressen, mar wol mei ynskriuwnûmer. Dat nûmer kinne jo fine op it bankôfskrift by de ôfskriuwing foar de kaarten. It nûmer (dat begjint mei in A foar de kuierders) hawwe we dêr ek brûkt. Yn de pdf kinne jo sykje op dat nûmer. De kaarten komme healweis maaie nei jo ta. Se wurde mei de gewoane post ferstjoerd nei it adres dat wy fan jo hawwe. Dat kinne we trouwens net mear feroarje, want alles leit al by de ferstjoerder.

Besjoch it oersjoch (klik hjir en iepenje it bestân)

Dravers

Foar de dravers jilde de neikommende bus- en starttiden.

Starttiid foar alle dravers is 06.30 oere. Alle bussen binne om 05.45 uur by de start.

De bussen geane fuort om:

  • 05.30 oere út Pietersbierrum wei (Tút en der út)
  • 05.00 oere út Ljouwert wei
  • 04.55 oere út Raerd wei
  • 05.35 oere uit Seisbierrum wei (mei fersoarger)

Wy winskje jim in soad wille mei de lêste tariedings!

Nije rûte yn de app

Der stiet wer in nije oefenrûte yn de app. De rûte rint troch Gaasterlân en is ûngefear 23 km.  Gaasterlân is ien fan de meast ôfwikseljende gebieten fan Fryslân. Bosken, prachtige fiersichten, de Iselmar, binnen- en bûtendykse polders en unike natuergebieten. It is in gloaiend lânskip tusken de Iselmarkust – mei de ûnnederlânske kliffen – en de Fryske marren.

Let op! We wurkje op dit stuit oan in update fan de app. It kin dus wêze dat de oanwizings en de ôfstân dy’t jim rûn ha net (hielendal) goed wurkje. De rûte is wol te sjen en ek wêr’t je rinne, dus ferdwale slagget net. As jim tips ha of ynput foar de update, dan hearre we dat graach op info@slachtemarathon.nl.