Heale Maraton

Foar it earst yn de skiednis hat de Slachtemarathon de mooglikheid om in heale maraton te draven. Giesto dy sportive útdaging oan en draafsto de 21,1 km oer de legendaryske dyk fan tichteby Wommels nei de finish yn Raerd? Op 15 juny 2024 is it safier. Mis it net!

Ikoan yn Fryslân

De Slachtemarathon is, njonken de Alvestêdetocht, in ikoan yn Fryslân. Draafst oer in iuwenâlde dyk, troch it prachtige Fryske lânskip en wurdst ûnderweis ferrast troch allerhande spektakel en oanmoedige troch it publyk oan de kant. It is yn 2024 wer foar it earst dat der in Slachtemarathon is. En is sels foar de alderearste kear datst dy ynskriuwe kinst foar in heale maraton. Genôch reden dus om krekt dit jier in kar te meitsjen foar dizze spektakulêre heale maraton. Der kinne yn 2024 in beheind tal dravers meidwaan oan de tocht oer de Slachtedyk. Lês mear oer de Slachte.

De rûte

De Slachtemarathon rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De heale maraton giet oer in parkoers fan 21,1 km en start yn 2024 tichteby Wommels. Finish is yn Raerd. 

Skriuw dy yn

Gean de útdaging oan en skriuw dy yn. Sneon 13 jannewaris set de reguliere kaartferkeap foar de Slachtemarathon fanôf 8.00 oere moarns útein. Om derfoar te soargjen dat elkenien optimaal fan de Slachtemarathon genietsje kin, wurde dravers yndield yn twa startgroepen. Ien foar de flugge wedstryddravers en ien foar alle oare dravers. Sa ûntstiet in lange sliert oan dielnimmers dy’t optimaal genietsje kinne fan de prachtige rûte oer de Slachtedyk. Foar’st útein setst mei ynskriuwen, is it handich om in tal karren te meitsjen en bepaalde gegevens by de hân te hâlden. Yn de folle stelde fragen ûnderoan de side stiet presys wat je by de hân hawwe moatte

De prijs voor jouw kaartje

Dielname oan de Slachtemarathon foar de heale maraton hurdrinne kostet  aan de Slachtemarathon € 45,-. Do kinst per kear 1 persoan ynskriuwe. Wolst noch in persoan ynskriuwe, klik dan opnij op de link om dy persoan oan te melden.

Betelje

It beteljen giet fia iDEAL. Dêrmei kinst fertroud, feilich en maklik online betelje. Rekkenst ôf yn de fertroude mobyl bankieren app of ynternetbankomjouwing fan dyn eigen bank.

Spesjaal foar bedriuwen en organisaasjes

Wolst mei dyn bedriuw of organisaasje rinne? Kinst spesjale bedriuwskaarten keapje. Dyn bedriuw kin ek sponsor wurde fan de Slachtemarathon. Kaarten foar dyn bedriuw of organisaasje meitsje dan ûnderdiel út fan de ôfspraken dy ‘t wy mei-inoar meitsje.

Praktyske ynformaasje heale maraton:

  • Startlokaasje: Tichteby Wommels
  • Starttiid: 6.30 oere
  • Krijst in startnûmer mei dyn namme. 
  • Tiidsregistraasje bart fia in chip op dyn startnûmer
  • De útslaggen binne online yn te sjen op uitslagen.nl. 
  • De Slachtemarathon kent een bijzonder en uitdagend parcours door het prachtige Friese landschap. Het programma van kunst, cultuur en muziek onderweg wordt aangepast aan de aard van de hardloopwedstrijd.
  • Ferfier: Der binne twa opsjes om by de startlokaasje te kommen: 1. Mei eigen ferfier, werby’st ôfsette litst yn Wommels by de bushalte (Tút-en-der-út) en dêrnei nei de startlokaasje rinst op 300 meter rinôfstân of 2. Mei eigen ferfier, wêrby’st parkeare kinst tichtby de startlokaasje boppe Wommels. Ast in kar makkest foar dy lêste opsje, besykje dan te carpoolen mei meardere dielnimmers yn in auto. 
  • Omklaaie: By de start boppe Wommels is gjin klaairomte foar manlju en froulju ynrjochte. Wol kinst tichtby de start dyn âlde klean yn in goede-doelen-kontener dwaan en ôfstean foar it goede doel dat letter bekend makke wurdt. 
  • Húskes: Der binne húskes oanwêzich tichtby de start foar de dravers
  • We wurkje mei twa startfakken: 1 wedstriidfak foar de flugge wedstriidrinners en 1 foar alle hurdrinners. Sa ûntstiet in lange sliert oan dielnimmers dy ‘t optimaal genietsje kinne fan de prachtige rûte oer de Slachtedyk.
  • By it bestellen kinst dy atletykferieningûmer of ringroepnûmer ynfolje, as dy oansletten is by de atletykuny. Mei dit nûmer wurdst yn de goede kategory rinners yndield. Dit is foaral wichtich foar rinners mei in wedstriidlisinsje.
  • We soargje foar genôch fersoargingsposten ûnderweis. Dy binne te finen op kilometer 5 -10 – 12,5 – 15 – 17,5 – 20 
  • Na de finish is er bûljon, tee, fruchtedrank, wetter en steane der bananen en sinesappels.
  • Krijst nei ôfrin in unike herinnering nei ôfrin fan dyn dielname oan de Slachtemarathon 2024. 
  • Der is ek in mooglikheid om in spesjaal Slachteshirt te bestellen. Dat kin tsjin in mearpriis yn it bestelproses fan dyn kaarten. Bêst genôch ast dêrmei oan de start ferskynst!

Goed taret op paad

In heale maraton drave, dat dochst net samar. We riede dravers oan om harren oan te sluten by in feriening, klub of trainer om harren ta te rieden om dizze lange ôfstân. We helpe dy fansels ek graach om goed taret oan de start fan de Slachtemarathon te ferskinen. Yn koarten starte de hurdrinkliniks. Dyn dielname is fergees!  No al kinst tips fan ús hurdrintrainer Hugo Veenker besjen. 

  1. Doch mei oan de fergeze clinics dy ‘t alle moannen jûn wurde troch hurdrincoach Hugo Veenker. Lês hjir mear oer de kliniks.
  2. We jouwe ynkoarten tips oer oare geskikte hurdrintochten ta tarieding fan de Slachtemaraton.
  3. Hurdrintrainer Hugo jout hjir yn syn floch alle moannen in gouden tip.

It unike Slachteshirt, singlet of pet! 

Ek dizze edysje is der wer in unyk Slachteshirt, singlet en pet! Dy kinst allinnich by it bestelproses fan dyn kaarten tsjin in mearpriis keapje.

Oernachtsje?

Friesland.nl hat in oersicht mei oernachtingen tichtby de Slachtedyk. Sjoch hjir

Meast stelde fragen

Miskien hast nei it lêzen fan dizze ynformaasje noch fragen oer it draven fan de heale Slachtemarathon. Gean nei de meast stelde fragen foar dravers ûnder oan de pagina. Stiet dyn fraach der net tusken? Stjoer ús in e-mail. Wy stribje dernei om alle fragen binnen in wike te beäntwurdzjen en sille geregeld de meast stelde fragen oanfolje. 

Sikest dochs in gruttere útdaging? Mear ynformaasje oer de folsleine maraton drave fynst hjir. Foar elkenein dy’t yn in stadiger tempo optimaal genietsje wol fan it muzikale en kulturele programma ûnderewis: hjir fynst mear ynformaasje oer de kuiermaraton fan 42 kilometer. 

De earstfolgjende edysje fan de Slachtemarathon is op 15 juny 2024. 

De heale Slachtemarathon start by boppe Wommels en finishplak is Raerd.

De Slachtemarathon rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan sa’n 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd.  It giet om sa’n 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. Wol stekst somtiden in net-ferkearsfrije dyk oer, tink dêr goed om! Ferkearsregelers stypje dy dêr en begeliede dy oer de dyk. De rûte krúst ek twa kear in spoaroergong, by Frjentsjer en by Boazum. Ferkearsregeler stypje ek dêr en begeliede dy oer de dyk. 

Hurdrinners dy’t meidogge oan de heale maraton starte om 06.30 oere. 

De finish foar alle dielnimmers is yn it sintrum fan Raerd op de Buorren by de tsjerke. 

13 jannewaris 2024 set de reguliere kaartverkoop útein fia de website fan de Slachtemarathon. Freonen meie in wike earder op 6 jannewaris harren kaarten bestelle. Hiest dy ynskreaun foar de maraton dy’t yn 2020 pland stie, dan kinst fan 10 jannewaris ôf bestelle. 

As Freon fan de Slachtemarathon hast in tal nijsgjirrige privileezjes. Hast dy ynskrean foar 1 oktober 2023, dan kinst in wike earder kaarten foar de Slachtemarathon bestelle, wêrtroch ast altyd wis bist fan dielname. Nij dit jier is de koarting dy’tst op dyn kaartsje krijst. Foar de heale maraton bellest € 32,50 yn stee fan de reguliere priis fan € 45,-. Dêrneist organisearje we yn net-Slachtemarathonjierren in spesjale kuier foar ús Freonen, de Freonekuier. Skriuwst dy nei 1 oktober 2023 yn, dan kinst takom jier meidwaan oan de jierlikse Freonekuier. 

Fansels kinst Freon wurde ! Wurdst dan alle jierren útnûge foar de Freonekuier (bûten de Slachtemarathonjierren om). Kinst allinnich net mear gebrûk meitsje fan it foardiel om foar de Slachtemarathon 2024 in wike earder yn te skriuwen, of te profitearjen fan de koarting fan € 5,-. Dy aksjes jilde wol foar de folgjende Slachtemarathon. De datum dêrfoar is al bekend! 17 juny 2028. Hjir kinst dy ynskriuwe as Freon. De Freonebydrage is op dit stuit €15,- yn it jier. It bedrach wurdt alle jierren yn april ôfskreaun fan dyn rekken.

Krijst as Freon begjin jannewaris in link fia de e-mail. Fia dy link kinst fan 6 jannewaris ôf dyn kaarten bestelle. 

Ast Freon bist fna de Slachtemarathon en wolst gebrûk meitsje fan de mooglikheid om in wike earder te bestellen as de reguliere kaartferkeap, dan hast dyn Freonenûmer nedich. Dat Freonenûmer kinst fine op dyn bankôfskrift of by it online bankieren by de ôfskriuwing fan dyn Freonebydrage oan de Slachtemarathon (automatyske ynkasso). 

Ast dy goed tariede wolst op dyn ynskriuwing foar de Slachtemarathon, soargje dan datst de neikommende gegevens by de hân hast. Ek binne der tal fan karren dy’tst it bêste foar it ynskriuwproses meitsje kinst: 

  • We freegje om de neikommende gegevens fan de besteller: namme, achternamme, adres, postkoade, wenplak, bertedatum, telefoannûmer en e-mailadres. 
  • Ast mear as 1 kaar bestelst, freegje we om deselde gegevens van dy persoan/persoanen. 
  • Allinnich foar Freonen: we freegje by ynskriuwing om dyn Freonenûmer. Dat kinst fine op bankôfskriften by de ôfskriuwing fan it bedrach foar dyn Freonelidmaatskip fan de Slachtemarathon (automatyske ynkasso). 
  • It is net mooglik om mei eigen ferfier nei de start te kommen. By dyn kaart is busferfier nei de startlokaasje ynbegrepen. Der binne trije ferskillende opsjes. Lês dy opsjes foar dyn ynskriuwing goed troch. Nei ynskriuwing kinst dit net mear oanpasse. Lês hjir mear oer de ferskate opsjes. 
  • Wolst ek in spesjaal Slachtemarathon T-shirt bestelle? Lês hjir mear oer de shirts. 
  • De betelling giet fia iDEAL. Dêrmei kinst fertroud, feilich en maklik online betelje. Je rekkenje ôf yn de fertroude mobyl bankieren app of ynternetbankier omjouwing fan je eigen bank.

Nee, dat is dit jier net nedich. Ast Freon bist, hast wol dyn Freonenûmer nedich. Dat Freoneniumer kinst fine op in bankôfskrift of yn ynternetbankieren by de ôfskriuwing fan it bedrach foar dyn Freonelidmaatskip (automatyske ynkasso).

Hast rjocht om dy earder yn te skriuwen, nammentlik op 10 jannewaris. Do krigest dêr in e-mail oer mei in link nei de ferkeapside. Dy e-mail kinst begjin jannewaris ferwachtsje. Soargje derfoar dat wy dyn goede e-mailadres hawwe!

In dielnimmer moat op de dei dat it evenemint hâlden wurdt op syn minst in minimumleeftiid berikt te hawwen. De minimumleeftiid by de 21,1 km (heale maraton) is 16 jier, by de 42,195 (folsleine maraton) 18 jier. 

Foar de minimale leeftijd voor dielname oan de hurdrinmaraton folgje we it (medysk ûnderboud) advys fan de Atletiekunie. Dat kinst hjer neilêze. 

De priisútrikking fan likegoed de Slachtemarathon 42,195 km (folsleine maraton) as de Slachtemarathon 21,1 km (heale maraton) is op it poadium by de finish op de Buorren by de tsjerke. De neikommende winners wurde huldige:

  • Earste 3 manlju en earste 3 froulju 42,195 km (folsleine maraton)
  • Earste 3 manlju en earste 3 froulju 21,1 km (heale maraton)

Foar alle hurdrinners wurdt de tiid registrearre troch in chip achterop it startnûmer. Nei it evenemint fynst de útslach werom op de útslaggenside op de website uitslagen.nl.

Der is medyske helpferliening oanwêzich. Lês hjir letter mear oer de lokaasjes fan de medyske stipe foar hurdrinners. 

Op de start-/finishlokaasje en by de fersoargingsposten binne húskes oanwêzich.

Foar de heale maraton komst mei eigen ferfier nei de start. Der binne twa ferskillende opsjes. Lês dy foar dy ynskriuwing goed troch. Nei ynskriuwing kinst dat net mear oanpasse. Lês hjir mear oder ferskate opsjes. 

It is net tastien dat fersoargers op de fyts mei dy mei geane op de folsleine rûte. As dat dochs it gefal is, dan folget diskwalifikaasje. 

Dielnimmers oan de 21,1 km (heale maraton) kinne tichteby de start harren âlde klean yn in goede-doele-kontener dwaan en ôfstean foar it goede doel, dat letter bekend makke wurdt. Der binne húskes oanwêzich tichteby de start foar de dravers. 

Dielname oan de Slachtemarathon is op eigen ferantwurdlikens en risiko. By ynskriuwing hawwe jo akkoart jûn op it wedstriid- en dielnimmersreglemint fan de Atletiekunie. 

Elkenien dy’t in dielnimmer fuort bringt of ophellet, of fans dy’t in dielnimmer oanmoedigje wolle, binne fansels fan herten wolkom. Besjoch yn it foar goed de ynformaasje op ús website foar besikers. We soargje derfoar dat dat rom op tiid te finen is, mar op syn lêst 1 maaie. 

Guon dikke binne ôfsletten en it is net foar elk part fan de rûte like ynfâldich om by de Slachtedyk te kommen.

De befêstigingsmail komt fan inschrijven.nl. Tsjek ek dyn spam of net-winske mail. Ast gjin befêstigingsmail krigen hast, nim dan kontakt op fia it kontaktformulier. 

Nei it sluten fan de online ynskriuwing is it net mear mooglik om yn te skriuwen.

Oant en mei 15 maaie is it mooglik om in wiziging troch te fieren yn dyn gegevens. Nei dy datum is it net mear mooglik om wat te feroarjen. Tink derom! Is it net mooglik om dyn ferfiersopsje te feroarjen nei ynskriuwing. 

Nee, dit is in foarriedige tawizing. Ofhinklik fan it tal dielnimmers en it oanbod fan leveransiers kin it wêze dat Slachtemaraton oanpassingen trochfiere moat. Do krijst hjiroer begjin maaie 2024 berjocht.

De organisaasje hâldt him it rjocht foar de rûte, start – en/of finishtiden en/of -plak te wizigjen oft de Slachtemarathon hielendal of foar in part ôf te sizzen op grûn fan ekstreme waarsomstannichheden of oare kalamiteiten, as dat yn reedlikens net oars fan de organisaasje ferwachte wurde kin. 

As de Slachtemarathon skrast wurde moat, sil de organisaasje alles yn it wurk stelle dat fan de Stichting frege wurde kin om in ferfangende datum oan te bieden. De Stichting is lykwols net ferplichte in oare datum oan te bieden. 

De organisaasje kin net ferantwurdlik steld wurde foar persoanlik makke kosten as it evenemint troch oermacht skrast wurde moat.

Op dit stuit binne alle frijwilligerstaken dy’t der ta dogge by de Slachtemarathon noch net bekend. We sille dêroer yn koarten mear ynformaasje op ús website sette. Wolsto ús helpe by in evenemint? Meld dy oan fia info@slachtemarathon.nl

  • De dielnimmer ferklearret him bekend mei it feit dat dielname in goede sûnens yn sawol psychyske as fysike sin fereasket, en ferklearret dat er oan dizze eask foldocht en dat er him troch training en op oare wizen genôch taret hawwe sil op de Slachtemarathon. 
  • Dielname bart op eigen risiko en foar eigen ferantwurdlikens. 
  • De dielnimmer ferklearret de persoansgegevens neffens wierheid ynfolle te hawwen en de troch de organisaasje stelde minimum leeftiid foar dielname berikt te hawwen. 
  • Dielnimmer ferlient yn it foar tastimming oan de organisator foar it iepenbier meitsjen fan ûnder of om it evenemint hinne makke foto’s en byldmateriaal en sa, dêr ‘t de dielnimmer sichtber op is. 
  • De ferkearsregels moatte respektearre wurde. Folgje de ynstruksjes fan de meiwurkers fan de Slachtemarathon en/of de feilichheidstsjinsten altyd op. 
  • Dyn starttiid wurdt bepaalt troch it tiidstip fan ynskriuwen. Hoe letter ast ynskriuwst, hoe letter dyn starttiid. Freonen fan de Slachtemarathon hawwe de mooglikheid om in winske starttiid yn te foljen. De Stichting Slachtemarathon sil safolle mooglik yn it wurk stelle om oan harren winske starttiid te foldwaan. 
  • De dielnimmers oan de Slachtemarathon geane respektfol mei-inoar en de meiwurkers fan de Slachtemarathon om. 
  • Beskeadigje of ferûntreinigje de natuer net. 
  • Hûnen binne net tastien op de rûte. 
  • It brûken fan kuierstokken is net tastien op de rûte. 
  • Mei dyn ynskriuwing joust tastimming foar it meitsjen en brûken fan foto’s en filmbylden.