As Freon fan de Slachtemarathon hast in tal nijsgjirrige privileezjes. Sa kinst earder kaarten foar de Slachtemarathon bestelle, en dêrtroch bist altyd wis fan dielname. Ek kinst in foarkar oanjaan foar in starttiid, by de kaartferkeap. Nij dit jier is de € 5,- koarting dysto as freon ûntfangt. Do betellest as Freon it âlde taryf fan €37,50 y.p.f. it reguliere bedrach fan €42,50. Dêrneist organisearje we yn net-Slachtemarathonjierren in spesjale kuier foar ús Freonen, de Freonekuier.
Yn it neikommende reglemint (stiet ûnder it formulier) fynst mear ynformaasje oer it Freon wêzen. Lês dat earst efkes troch foar’st dy oanmeldest. Ast dy oanmeldest, geane we der fan út datst it reglemint lêzen hast en datst dy dêr yn fine kinst.
We moetsje dy graach by de Slachtemarathon of by ien fan ús Freonekuiers!
Reglemint Freonen fan de Slachtemarathon
Artikel 1
Freonen kinne harren oanmelde fia de website of fia de post. De betellingen fan it lidmaatskip geane mei automatyske ynkasso’s. It lidmaatskip giet yn op it stuit dat de earste ynkasso foldien is.
Artikel 2
Freonen binne ferplichte om adreswizigings of oare wizigings dy’t relevant binne foar de stifting Slachtemarathon troch te jaan fia post of email oan de stifting.
Artikel 3
Freonen kinne by foarynskriuwing maksimaal 2 kaarten bestelle foar de Slachtemarathon. De ynskriuwing foar Freonen begjint in wike earder as de reguliere (losse) kaartferkeap. Freonen wurde dêroer ynformearre troch in nijsbrief.
Artikel 4
Freonen wurdt alle jierren yn de net-Slachtemarathonjierren in saneamde Freonekuier oanbean: in kuier by of liearre oan de Slachtedyk.
Artikel 5
Freonen krije yn prinsipe 4 kear yn it jier in digitale nijsbrief oer de Slachtemarathon. Allinnich op fersyk kin de nijsbrief ek mei de post ferstjoerd wurde.
Artikel 6
Utskriuwe as Freon kin skriftlik of fia email, ûnderfermelding fan name en adresgegevens en foar 15 novimber. As de útskriuwing letter binnenkomt (datum poststempel of ûntfangstdatum as referinsje) wurdt dizze net mear ferwurke foar it kommende jier, mar foar in jier letter.
Freonebydrage
Artikel 7
De Freonebydrage moat alle jierren betelle wurde. Dat bart troch in automatyske ynkasso yn maaie. De Freon soarget foar genôch saldo op syn/har rekken. In Freon wurdt útskreaun nei’t hy of sy nei twa (2) skriftlike werinneringen de bydrage net betelle hat. Fan in Freon dy’t nei maaie lid wurden is, wurdt de ynkasso yn desimber útfierd.
Artikel 8
Freonen betelje 15 euro it jier.
Artikel 9
By útskriuwing yn de rin fan in jier fynt gjin restitúsje plak fan de Freonebydrage.
Slachtemarathon
Artikel 10
Om gebrûk meitsje te kinnen fan de spesjale foarynskriuwing foar de reonen moat in Freon sich minimaal foar oktober 2023 ynskreaun wêze. Dit betsjut dat je as Freon dan it rjocht ha om in wike hjerder kaarten te keapjen foar de slachtemarathon 2024. Yn it jier fan de Slachtemarathon betsjut it ek dat je kontribúsje betelje moat.
Skeel
Artikel 11
Yn it gefal fan in skeel oer de útlis fan de bepalingen fan dit reglemint en yn gefallen wêryn’t dit reglemint net foarsjocht, beslút it bestjoer fan de Slachtemarathon.