Ien kear yn de fjouwer jier bart der wat spesjaals op en om de iuwenâlde Slachtedyk. Rom 15.000 kuierders en dravers meitsje in tocht fan 42 km oer dy âlde dyk. Se genietsje ûnderweis fan keunst, kultuer en it lânskip om harren hinne.
Op 13 juni 2020 stie de 6e edysje fan de Slachtemarathon pland. Dy is spitigernôch troch it coronafirus net troch gien. Foar mear ynformaasje: folgje dizze website een sjoch op Facebook en/of Instagram foar nijs.
nijs
Slachtemarathon
Do rinst…
de dei is jong, hast noch in see fan tiid,
folgest it spoar fan wa’t al earder gongen,
sa rom as alles is, ûneinich wiid, hearst
yn ’e fierte al in feestlik sjongen.
Do rinst…
rûnom werkenst de doarpen oan har toer,
sjochst hynders dy’t har dampend wekker stowe,
in reager yn it reid, skrillich rjochtop, wat skurve
fiskersboatsjes dy’t de feart delskowe.
Do rinst…
de Slachte wurdt ien linteflint fan kleur,
oermoedich stappe minsken om dy hinne,
de mannichte wurdt ien mearstimmich koar,
it tilt dy op, hjoed bist gjin tel allinnich.
Do rinst…
wat wankel al, hast noch in ein te gean,
do silst de twivel yn dysels oerwinne,
bist ûnderweis, dit is dyn Slachtedyk,
do rinst, do kinst noch oeren rinne.
gedicht Baukje Wytsma
De Slachtemarathon docht in berop op jim as ‘meitinkers’!
/in Geen categorie /door Silvia HaniaWy as bestjoer, meiwurkers en organisearjende doarpen fine dat de Slachtemarathon in bysûnder Frysk evenemint is. In maraton ûntstien yn de Simmer 2000-simmer en no, 5 edysjes fierder, ûnderdiel fan in rike Fryske spo […]
Gjin Slachtemarathon 2021, op nei de takomst
/in Geen categorie /door Silvia HaniaDer komt gjin Slachtemarathon yn 2021. Foarsitter Anne Jochum de Vries: “It is gewoanwei net mooglik om yn 2021 in Slachtemarathon te organisearjen. Dan hiene we op syn lêst in pear moanne lyn al útein sette moat […]
Ynskriuwe foar muzyk net mear mooglik
/in Geen categorie /door Silvia HaniaIn hiel soad korpsen, koaren en andere muzikanten hawwe har al oanmelden om op de rûte de dielnimmers te fermeitsjen. Safolle sels, dat der genôch binne en datst dy dêr net mear foar oanmelde kinst. Tankewol foar jim […]