Kin ik my noch ynskriuwe as Freon foar de Slachtemarathon 2024?

Wa’t nei 1 oktober ynskriuwt as Freon, kin foar de Slachtemarathon 2024 net mear gebrûk meitsje fan de Freon-foardielen.

It is wol mooglik om Freon te wurden en dêrmei de Slachtemarathon te stypjen.
Freonen ûntfange yn net-Slachtemarathonjierren in útnûging foar de Freonekuier en binne as earste op ‘e hichte fan it nijs oer de Slachtemarathon.

Mear witte? Sjoch op:
https://www.slachtemarathon.frl/fy/wurd-freon/