Entries by Grietje Deinum

Ynformaasje oer de kaartferkeap

We hawwe alle ynformaasje dyt’st nedich hast foar de kaartferkeap foar dy op in rychje setten. Lês dizze ynformaasje even goed troch, dan begjinst goed oan de ynskriuwing foar de Slachtemarathon. De kaartferkeap set útein op sneon 18 jannewaris 2020 om 06.00 oere. Freonen hawwe foarrang op de kaartferkeap en meie in wike earder bestelle: […]

Oanmelding muzyk iepen!

Makkest muzyk? Meld dysels of dyn korps, koar of band oan om muzyk te meitsjen by de Slachtemarathon op sneon 13 juny 2020. Makkest mei de doarpen, de dielnimmers en de keunstners ûnderweis de Slachtemarathon-sfear! Der is in fergoeding beskikber.

Slachtetille yn ûnderhâld

Rykswettersteat helle sneon 9 novimber de Slachtetille oer de N31 tusken Frjentsjer en Harns fuort foar ûnderhâld. De brêge foar fuotgongers ferbynt de Slachterûte súdlik fan de N31 mei de rúte noardlik fan de N31. De Slachtetille, in ûntwerp fan arzjitekt Rein Hofstra, waard yn 2008 pleatst. Yn dat jier makken ek de dielnimmers fan […]

Slagge Freonekuier

Op sneon 2 novimber kuieren we mei 100 Freonen fan de Slachtemarathon in rûte fan sa’n 10 km yn natoergebiet Skrok by Easterein. Marco Hoekstra fan de Fûgelwacht Easterein fertelde de Freonen foar’t se op paad gienen oer dit bysûndere natoergebiet. Us nije artistyk lieder Marten Winters naam de Freonen mei yn syn artistike plannen. […]