Slachtetille

Slachtetille yn ûnderhâld

Rykswettersteat helle sneon 9 novimber de Slachtetille oer de N31 tusken Frjentsjer en Harns fuort foar ûnderhâld. De brêge foar fuotgongers ferbynt de Slachterûte súdlik fan de N31 mei de rúte noardlik fan de N31.

De Slachtetille, in ûntwerp fan arzjitekt Rein Hofstra, waard yn 2008 pleatst. Yn dat jier makken ek de dielnimmers fan de tredde Slachtemarathon gebrûk fan de brêge.

Begjin 2020 komt de brêge werom. Dat is rom op ‘e tiid foar de sechde Slachtemarathon op sneon 13 juny. Kuierders en hurdrinners kinne oant dy tiid de fytstunnel eastlik fan de Slachtetille brûke.