Folsleine maraton

Je kinne je net mear ynskriuwe foar de Slachtemaraton. Meikoarten ferskynt hjir alle ynformaasje oer dyn dielname oan de Slachtemaraton.

Ikoan yn Fryslân

De Slachtemarathon is, njonken de Alvestêdetocht, in ikoan yn Fryslân. Draafst oer in iuwenâlde dyk, troch it prachtige Fryske lânskip en wurdst ûnderweis ferrast troch allerhande spektakel en oanmoedige troch it publyk oan de kant. It is yn 2024 foar it earst sûnt jierren dat der wer in Slachtemarathon is. In goede reden om krekt dit jier de kar foar dizze spektakulêre maraton te meitsjen. Der kinne in beheind tal dravers meidwaan oan de tocht oer de Slachtedyk. Mis it net!  Lês mear oer de Slachte

De rûte

De Slachtemarathon rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De heale maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan 42,195 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa parten yn it parkoers dy ‘t bestean út gersdyk of sachte ûndergrûn. Dat is by Frjentsjer en Achlum. It giet om sa ‘n 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. By net-ferkearsfrije oerstekpunten wurde je begelaat troch ferkearsregelers.

Praktyske ynformaasje folsleine maraton

  • Startlokaasje: Easterbierrum.
  • Starttid 06.30 oere
  • Krijst in startnûmer mei dyn namme
  • Tiidsregistraasje bart fia in chip op dyn startnûmer
  • De útslaggen binne online yn te sjen op uitslagen.nl. 
  • Ferfier: Ferfier nei de start en fan de finish wer werom giet mei spesjale Slachtebussen. Kinst dêrby in kar meitsje út 3 ferskillende opsjes. Lês dy opsjes goed troch foardatst dyn ynskriuwst. Kinst se letter net mear feroarje. Dizze ferfiersopsje is in foarriedige tawizing. Ofhinklik fan it tal dielnimmers en it oanbod fan leveransiers kin it wêze dat Slachtemaraton oanpassingen trochfiere moat. Mear oer de ferfiersopsjes. Parkeare of dielnimmers ôfsette op en by de startlokaasje yn Easterbierrum is net mooglik. 
  • Omklaaie: By de start yn Easterbierrum is in klaairomte foar manlju en froulju ynrjochte en binne der toiletfoarsjenningen troffen foar de hurdrinners. Der binne rolkonteners foar de kleanynname mei byld – en kleanlabel op startnûmer.
  • Der binne twa startfakken: 1 wedstriidfak foar de flugge wedstriidrinners en 1 foar alle hurdrinners. Sa ûntstiet in lange sliert oan dielnimmers dy ‘t optimaal genietsje kinne fan de prachtige rûte oer de Slachtedyk.
  • By it bestellen kinst dy atletykferieningûmer of ringroepnûmer ynfolje, as dy oansletten is by de atletykuny. Mei dit nûmer wurdst yn de goede kategory rinners yndield. Dit is foaral wichtich foar rinners mei in wedstriidlisinsje.
  • We soargje foar genôch fersoargingsposten ûnderweis. Foar de folsleine maraton is dat op 5 – 10 – 15 – 20 – 25 – 30 – 32,5 – 35 – 37,5 – 40 km. 
  • Nei de finish is der 
  • Na de finish is er bûljon, tee, fruchtedrank, wetter en steane der bananen en sinesappels.
  • Krijst nei ôfrin in unike herinnering nei ôfrin fan dyn dielname oan de Slachtemarathon 2024. 

It unike Slachteshirt, singlet of pet! 

Ek dizze edysje is der wer in unyk Slachteshirt, singlet en pet! Dy kinst allinnich by it bestelproses fan dyn kaarten tsjin in mearpriis keapje.

Goed taret op paad

In maraton drave, dat dochst net samar. We riede dravers oan om harren oan te sluten by in feriening, klub of trainer om harren ta te rieden om dizze lange ôfstân. We helpe dy fansels ek graach om goed taret oan de start fan de Slachtemarathon te ferskinen. Yn koarten starte de hurdrinkliniks. Dyn dielname is fergees!  No al kinst tips fan ús hurdrintrainer Hugo Veenker besjen. 

  1. Doch mei oan de fergeze clinics dy ‘t alle moannen jûn wurde troch hurdrincoach Hugo Veenker. Lês hjir mear oer de kliniks.
  2. We jouwe ynkoarten tips oer oare geskikte hurdrintochten ta tarieding fan de Slachtemaraton.
  3. Hurdrintrainer Hugo jout hjir yn syn floch alle moannen in gouden tip.

Oernachtsje?

Friesland.nl hat in oersicht mei oernachtingen tichtby de Slachtedyk. Sjoch hjir

Meast stelde fragen

Miskien hast nei it lêzen fan dizze ynformaasje noch fragen oer it draven fan de Slachtemarathon. Gean nei de meast stelde fragen foar dravers. Stiet dyn fraach der net tusken? Stjoer ús in e-mail. Wy stribje dernei om alle fragen binnen in wike te beäntwurdzjen en sille geregeld de meast stelde fragen oanfolje. 

De earstfolgjende edysje fan de Slachtemarathon is yn 2028

Hurdrinners dy’t meidogge oan de folsleine maraton en de heale maraton starte om 06.30 oere. De earste groep kuierders start sa’t it no liket om 06.30 oere. 

De folsleine Slachtemarathon start by de seedyk yn Easterbierrum en finishplak is Raerd. 

De Slachtemarathon rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan goed 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa parten yn it parkoers dy ‘t bestean út gersdyk of sachte ûndergrûn. Dat is by Frjentsjer en Achlum it gefal. It giet om sa ‘n 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. Wol stekst somtiden in net-ferkearsfrije dyk oer, tink dêr goed om! Ferkearsregelers stypje dy dêr en begeliede dy oer de dyk. De rûte krúst ek twa kear in spoaroergong, by Frjentsjer en by Boazum. Ferkearsregelers stypje dy ek dêr en begeliede dy oer de dyk.

De finish foar alle dielnimmers is yn it sintrum fan Raerd op de Buorren by de tsjerke.  

Foar it bedrach fan dy ynskriuwing ferrasse wy dy mei in grut spektakel fan muzyk, kultuer en in prachtich lânskip. De priis is ynklusyf busferfier, parkeare yn Raerd, (foar in part) yn Ljouwert en Pietersbierrum/Seisbierrum. Nei ôfrin fan de tocht krijst ta beslút in moai oantinken: it Slachtemarathonblokje. Wolst dêrneist ek noch it spesjale Slachte Shirt of singlet bestelle? Dat kin tsjin in mearpriis by it ôfrekkenjen fan dyn kaarten. 

De tijdslimyt stiet op 5.30 oeren.

Als Freon van de Slachtemarathon hast in tal nijsgjirrige privileezjes. Hast dy ynskreaun as Freon foar 1 oktober 2023, dan kinst in wike earder twa kaarten foar de Slachtemarathon bestelle, wêrtroch ast altyd wis bist fan de Slachtemarathon. Ek kinst in foarkar foar in starttiid oanjaan by de kaartferkeap. Nij dit jier is de koarting dy’tst op dyn kaartsje krijst. By it draven fan de folsleine maraton betellest € 42,50 yn stee fan de reguliere priis fan € 55,-. Dêrneist organisearje we yn net-Slachtemarathonjierren in spesjale kuier foar ús Freonen, de Freonekuier. 

Ast Freon bist fna de Slachtemarathon en wolst gebrûk meitsje fan de mooglikheid om in wike earder te bestellen as de reguliere kaartferkeap, dan hast dyn Freonenûmer nedich. Dat Freonenûmer kinst fine op dyn bankôfskrift of by it online bankieren by de ôfskriuwing fan dyn Freonebydrage oan de Slachtemarathon (automatyske ynkasso). 

De priisútrikking fan likegoed de Slachtemarathon 42,195 km (folsleine maraton) as de Slachtemarathon 21,1 km (heale maraton) is op it poadium by de finish op de Buorren by de tsjerke. De neikommende winners wurde huldige:

  • Earste 3 manlju en earste 3 froulju 42,195 km (folsleine maraton)
  • Earste 3 manlju en earste 3 froulju 21,1 km (heale maraton)

Foar alle hurdrinners wurdt de tiid registrearre troch in chip achterop it startnûmer. Nei it evenemint fynst de útslach werom op de útslaggenside op de website uitslagen.nl. 

Der is medyske helpferliening oanwêzich. Lês hjir letter mear oer de lokaasjes fan de medyske stipe foar hurdrinners. 

Op de start-/finishlokaasje en by de fersoargingsposten binne húskes oanwêzich. Ek om de 2 km lâns de route binne der WC’s. 

By it evenemint wurde pendelbussen brûkt. It pendelbusticket is foar dielnimmers ynbegrepen by harren ynskriuwing. Hast freonen en famylje dy’t dy oanmoedigje wolle? Stjoer harren dizze ynformaasje troch. Parkeare is net oeral mooglik en guon diken binne ôfsluten. 

Parkeare op en tichteby de startlokaasje yn Easterbierrum troch dielnimmers is net tastien. Ferfier nei de start en fan de finish werom, bart mei spesjale Slachtebussen. Kinst dêrby in kar meitsje tusken 3 ferskillende opsjes. Lês dy opsjes goed troch foar’st dy ynskriuwst. Kinst dyn kar letter net feroarje.

Mear oer de ferfiersopjes.

It is net tastien dat fersoargers op de fyts mei dy mei geane op de folsleine rûte. As dat dochs it gefal is, dan folget diskwalifikaasje. 

Dielnimmers oan de 42,195 km kinne harren klean ôfjaan en ynleverje by de start yn Easterbierrum. Kinst dyn tas mei kleanlabel nei de finish yn Raerd op de Buorren by de tsjerke oant 13.00 oere wer ophelje. Oan dyn startnûmer sit in label datst der ôf skuorre kinst, befêstigje dy goed oan dyn tas. Dy service is op eigen risiko. By de start lizze eventuele tassen dy’tst brûke kinst. 

Dielnimmers oan de 21,1 km (heale maraton) kinne tichteby de start harren âlde klean yn in goede-doele-kontener dwaan en ôfstean foar it goede doel dat letter bekend makke wurdt. Der binne húskes oanwêzich ticht by de start foar de dravers.

Dielname oan de Slachtemarathon is op eigen ferantwurdlikens en risiko. By ynskriuwing hawwe jo akkoart jûn op it wedstriid- en dielnimmersreglemint fan de Atletiekunie.

Nee, dit is in foarriedige tawizing. Ofhinklik fan it tal dielnimmers en it oanbod fan leveransiers kin it wêze dat Slachtemaraton oanpassingen trochfiere moat. Do krijst hjiroer begjin maaie 2024 berjocht.

Je kinne de Slachtemaraton de hiele dei folgje fia Omrop Fryslân. Mochtst wol graach ien oanmoedigje wolle, hâld dan rekken mei it folgjende:

  • Guon diken binne ôfsletten en it is net foar elk part fan de rûte like maklik om by de Slachtedyk te kommen.
  • Kom safolle mooglik op de fyts nei de Slachtedyk
  • Der binne twa offisjele parkearplakken, by Wommels en by Raerd
  • By de finish sil it smoardrok wêze. It is dêrom handich om in bytsje yndikaasje te hawwen oer it tiidstip dat dyn persoan oan komt. Is hy / sy oer de streek, bliuw dan net te lang hingjen by de finish, mar nim him / har mei nei it festival terrein krekt bûten it doarp Raerd.

De befêstigingsmail komt fan inschrijven.nl. Tsjek ek dyn spam of net-winske mail. Ast gjin befêstigingsmail krigen hast, nim dan kontakt op fia it kontaktformulier. 

Nei it sluten fan de online ynskriuwing is it net mear mooglik om yn te skriuwen.

Oant en mei 10 maaie is it mooglik om in wiziging troch te fieren yn dyn gegevens. Nei dy datum is it net mear mooglik om wat te feroarjen. Tink derom! Is it net mooglik om dyn ferfiersopsje te feroarjen nei ynskriuwing. 

De organisaasje hâldt him it rjocht foar de rûte, start – en/of finishtiden en/of -plak te wizigjen oft de Slachtemarathon hielendal of foar in part ôf te sizzen op grûn fan ekstreme waarsomstannichheden of oare kalamiteiten, as dat yn reedlikens net oars fan de organisaasje ferwachte wurde kin. 

As de Slachtemarathon skrast wurde moat, sil de organisaasje alles yn it wurk stelle dat fan de Stichting frege wurde kin om in ferfangende datum oan te bieden. De Stichting is lykwols net ferplichte in oare datum oan te bieden. 

De organisaasje kin net ferantwurdlik steld wurde foar persoanlik makke kosten as it evenemint troch oermacht skrast wurde moat.

Op dit stuit binne alle frijwilligerstaken dy’t der ta dogge by de Slachtemarathon noch net bekend. We sille dêroer yn koarten mear ynformaasje op ús website sette. Wolsto ús helpe by in evenemint? Meld dy oan fia info@slachtemarathon.nl

  • De dielnimmer ferklearret him bekend mei it feit dat dielname in goede sûnens yn sawol psychyske as fysike sin fereasket, en ferklearret dat er oan dizze eask foldocht en dat er him troch training en op oare wizen genôch taret hawwe sil op de Slachtemarathon. 
  • Dielname bart op eigen risiko en foar eigen ferantwurdlikens. 
  • De dielnimmer ferklearret de persoansgegevens neffens wierheid ynfolle te hawwen en de troch de organisaasje stelde minimum leeftiid foar dielname berikt te hawwen. 
  • Dielnimmer ferlient yn it foar tastimming oan de organisator foar it iepenbier meitsjen fan ûnder of om it evenemint hinne makke foto’s en byldmateriaal en sa, dêr ‘t de dielnimmer sichtber op is. 
  • De ferkearsregels moatte respektearre wurde. Folgje de ynstruksjes fan de meiwurkers fan de Slachtemarathon en/of de feilichheidstsjinsten altyd op. 
  • Dyn starttiid wurdt bepaalt troch it tiidstip fan ynskriuwen. Hoe letter ast ynskriuwst, hoe letter dyn starttiid. Freonen fan de Slachtemarathon hawwe de mooglikheid om in winske starttiid yn te foljen. De Stichting Slachtemarathon sil safolle mooglik yn it wurk stelle om oan harren winske starttiid te foldwaan. 
  • De dielnimmers oan de Slachtemarathon geane respektfol mei-inoar en de meiwurkers fan de Slachtemarathon om. 
  • Beskeadigje of ferûntreinigje de natuer net. 
  • Hûnen binne net tastien op de rûte. 
  • It brûken fan kuierstokken is net tastien op de rûte. 
  • Mei dyn ynskriuwing joust tastimming foar it meitsjen en brûken fan foto’s en filmbylden.