Kuierders

Bist sljocht op kuierjen en hâldst fan natuer, kultuer en histoarje? Op 15 juny 2014 bart der wat bysûnders op en rûnom de iuwenâlde Slachtedyk yn Fryslân. 10.500 kuierders meitsje in tocht fan 42 kilometer oer de eardere seedyk. Hjirmei is it maksimale tal dielnimmers oan dit ûnderdiel fan de Slachtemarathon berikt. Bist der by?

Ikoan yn Fryslân

De Slachtemarathon is, njonken de Alvestêdetocht, in ikoan yn Fryslân. Op elke kilometer falt wol wat te belibjen. Lit dy ferrasse troch in grut spektakel fan muzyk en kultuer, genietsje fan it prachtige Fryske lânskip en de feestlike sfear yn en om de omlizzende doarpen. Dochst it net allinnich. Underweis praatst mei dyn meikuierders en lâns de kant wurdst oanmoedige om ek dy lêste kilometers troch te setten. De Slachtemarathon wurdt mar ien kear yn de fjouwer jier hâlden. Troch corona is it no sels acht jier lyn. Sa ’n unike kâns wolst dus net misse! Lês mear oer de Slachte

De rûte

De Slachtemarathon rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan goed 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa parten yn it parkoers dy ‘t bestean út gersdyk of sachte ûndergrûn. Dat is by Frjentsjer en Achlum. It giet om sa ‘n 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. By net-ferkearsfrije oerstekpunten wurde je begelaat troch ferkearsregelers.

Goed taret op paad 

In maraton rinst net samar. We helpe dy graach om goed taret oan de start fan de Slachtemarathon te ferskinen.

  • Mei it spesjale Slachtemarathon kuierskema boust alle wiken oan dyn kuierkondysje. It skema biede wy fergees oan en fynst hjir. 
  • Friesland Beweegt biedt yn gearwurking mei de Slachtemarathon in begelaat trainingsprogramma oan foar begjinnende kuierders: Start to Walk. In kuiertrainer stelt foar dy op maat in kuierskema op. Dêrnei krijst alle help dy ‘t der nedich is om fol fertrouwen 42 kilometer ôflizze te kinnen. Ynteresse? Sjoch op harren webside.
  • It Fryske Gea hat spesjaal foar de Slachtemaraton in kuierboekje gearstald mei 10 prachtige rûten ferspraat oer hiel Fryslân. Ried dy goed ta op it kuierjen fan in maraton en genietet ûnderweis fan de natuerlike skjintme fan Fryslân. As lid fan It Fryske Gea kinst it boekje fergees bestelle. Bist noch gjin lid? Dan kinst it boekje keapje foar € 6, -. Bestelle kin ienfâldich op www.itfryskegea.nl/slachtemaraton,
  • Op social media sille wy geregeld kuiertips diele. Folgje ús op Instagram of Facebook.

Oer dyn ynskriuwing

  • In startbewiis mei starttiid en stimpelkaart. De starttiden wurde ferdield op folchoarder fan ynskriuwing. De alderearste starttiid sil rûn 07.00 oere wêze. De lêste kuierders starte tusken 11.30 en 12.00 oere. 
  • In maraton kuierje kostet sa’n 9 à 10 oeren tiid. De lêste kuierders kinne om 22.00 oere finishe. Hast dus alle tiid om te kuierjen, te genietsjen fan it programma en tuskentroch ta rêst te kommen yn ien fan de oases ûnderweis. 
  • Ferfier: Ferfier nei de start en fan de finish wer werom bart mei spesjale Slachtebussen. By it ynskriuwen koest kieze tusken 3 ferskillende opsjes. Dizze ferfiersopsje is in foarriedige tawizing. Ofhinklik fan it tal dielnimmers en it oanbod fan leveransiers kin it wêze dat Slachtemaraton oanpassingen trochfiere moat. Mear oer de ferfiersopsjes. Parkeare of dielnimmers ôfsette by de startlokaasje by Easterbierrum is net mooglik. 
  • Underweis wurdst ferrast troch muzikaal spektakel, keunst, kultuer of krekt rêst en in prachtich wiid lânskip. De doarpen oan de Slachtedyk biede elk in eigen programma. 
  • Wy soargje foar trije oazes ûnderweis. Hjir kinst skoft hâlde, is der iten en drinken en kinst genietsje fan in wiidweidich oanbod oan muzyk en kultuer. 
  • Yn finishdoarp Raerd wurdst feestlik ûntfongen. Dêrnei kinst ûnder it genot fan in hapke, drankje en de nedige muzyk bykomme fan dyn tocht en neiprate oer dyn prestaasje. 
  • Krijst nei ôfrin fan de tocht in unyk oantinken oan dyn dielname oan de Slachtemarathon 2024.

It unike Slachteshirt, singlet of pet! 

Ek dizze edysje is der wer in unyk Slachteshirt, singlet en pet! Dy hiest tiidens it bestelproses fan dyn kaarten tsjin in mearpriis keapje kinnen. Hast dit mist? Goed nijs: meikoarten lansearje wy ek in webshop mei noch mear moaie items! Skriuw dy yn foar de nijsbrief en bliuw automatysk op ‘e hichte.

Oernachtsje?

Friesland.nl hat in oersicht mei oernachtingen tichtby de Slachtedyk. Sjoch hjir

Meast stelde fragen

Miskien hast nei it lêzen fan dizze ynformaasje noch fragen oer it kuierjen fan de Slachtemarathon. Gean nei de meast stelde fragen foar kuierders. Stiet dyn fraach der net tusken? Stjoer ús in e-mail. Wy stribje dernei om alle fragen binnen in wike te beäntwurdzjen en sille geregeld de meast stelde fragen oanfolje. 

Bist op syk nei mear sportive útdaging? Kinst ek eksakt 42,195 kilometer hurdrinnend ôflizze. Of doch dit jier mei oan de alderearste heale hurdrinmaraton. Foar it underdiel hurddraven binnen noch kaarten beskikbar!  

De earstfolgjende edysje fan de Slachtemarathon is op 15 juny 2024. 

Foar kuierders binne der ferskillende starttiden. Nei ynskriuwing krijst in startbewiis op namme mei starttiid en stimpelkaart. De starttiden wurde ferdield op folchoarder fan ynskriuwing. De alderearste starttiid sil om 7.00 oere hinne wêze. De lêste kuierders starte tusken 11.30 en 12.00 oere. In maraton kuierje kostet sa’n 10 oeren tiid. De lêste kuierders kinne om 22.00 oere finishe. Hast dus alle tiid om te kuierjen, te genietsjen fan it programma en tuskentroch ta rêst te kommen yn ien fan de oases ûnderweis. Kuierst yn in lange sliert oan dielnimmers, sadatst yn rêst en romte genietsje kinst fan it programma en de prachtige rûte.

De lêste tiid wêrop ast finishe kinst is 22.00 oere. Alle dielnimmers dy’t foar dy tiid binnen komme, krije it spesjale Slachtemarathonblokje as oantins. 

De folsleine Slachtemarathon start by de seedyk yn Easterbierrum en it finishplak is Raerd. 

De Slachtemarathon rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan sa’n 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa parten yn it parkoers dy’t besteane út gersdyk of sachte ûndergrûn. Dat is it gefal by Frjentsjer en Achlum. It giet om sa’n 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. Wol stekst somtiden in net-ferkearsfrije dyk oer, tink dêr goed om! Ferkearsregelers stypje dy dêr en begeliede dy oer de dyk. De rûte krúst ek twa kear in spoaroergong, by Frjentsjer en by Boazum. Ferkearsregeler stypje ek dêr en begeliede dy oer de dyk. 

As Freon fan de Slachtemarathon hast in tal nijsgjirrige privileezjes. Hast dy ynskrean foar 1 oktober 2023, dan kinst in wike earder kaarten foar de Slachtemarathon bestelle, wêrtroch ast altyd wis bist fan dielname. Ek kinst in foarkar foar in starttiid opjaan by de kaartferkeap. Nij dit jier is de € 5,- koarting dy’tst op dyn kaartsje krijst. Betellest by it kuierjen dêrtroch bygelyks € 37,50 yn stee fan de reguliere priis fan € 42,50. Dêrneist organisearje we yn net-Slachtemarathonjierren in spesjale kuier foar ús Freonen, de Freonekuier. 

Ast Freon bist fna de Slachtemarathon en wolst gebrûk meitsje fan de mooglikheid om in wike earder te bestellen as de reguliere kaartferkeap, dan hast dyn Freonenûmer nedich. Dat Freonenûmer kinst fine op dyn bankôfskrift of by it online bankieren by de ôfskriuwing fan dyn Freonebydrage oan de Slachtemarathon (automatyske ynkasso). 

De befêstigingsmail komt fan inschrijven.nl. Tsjek ek dyn spam of net-winske mail. Ast gjin befêstigingsmail krigen hast, nim dan kontakt op fia it kontaktformulier. 

Nei it sluten fan de online ynskriuwing is it net mear mooglik om yn te skriuwen.

Oant en mei 15 maaie is it mooglik om in wiziging troch te fieren yn dyn gegevens. Nei dy datum is it net mear mooglik om wat te feroarjen. Tink derom! Is it net mooglik om dyn ferfiersopsje te feroarjen nei ynskriuwing. 

Nee, dit is in foarriedige tawizing. Ofhinklik fan it tal dielnimmers en it oanbod fan leveransiers kin it wêze dat Slachtemaraton oanpassingen trochfiere moat. Do krijst hjiroer begjin maaie 2024 berjocht

Foar kuierders en hurdrinners is de minimumleeftiid 16 jier. Bern ûnder de 16 jier meie allinnich ûnder tafersjoch fan in folwoeksene de Slachtemarathon rinne. 

Nee, de Slachtemarathon is ferbean foar hûnen. 

By it evenemint wurde pendelbussen brûkt. It pendelbusticket is foar dielnimmers ynbegrepen by harren ynskriuwing. Hast freonen en famylje dy’t dy oanmoedigje wolle? Stjoer harren dizze ynformaasje troch. Parkeare is net oeral mooglik en guon diken binne ôfsluten. 

Parkeare op en tichteby de startlokaasje yn Easterbierrum troch dielnimmers is net tastien. Ferfier nei de start en fan de finish werom, bart mei spesjale Slachtebussen. Kinst dêrby in kar meitsje tusken 3 ferskillende opsjes. Lês dy opsjes goed troch foar’st dy ynskriuwst. Kinst dyn kar letter net feroarje. Mear oer de ferfiersopjes.

Elkenien dy’t in dielnimmer fuort bringt of ophellet, of fans dy’t in dielnimmer oanmoedigje wolle, binne fansels fan herten wolkom. Besjoch yn it foar goed de ynformaasje op ús website foar besikers. We soargje derfoar dat dat rom op tiid te finen is, mar op syn lêst 1 maaie. 

Guon dikke binne ôfsletten en it is net foar elk part fan de rûte like ynfâldich om by de Slachtedyk te kommen.

Op dit stuit binne alle frijwilligerstaken dy’t der ta dogge by de Slachtemarathon noch net bekend. We sille dêroer yn koarten mear ynformaasje op ús website sette. Wolsto ús helpe by in evenemint? Meld dy oan fia info@slachtemarathon.nl

Algemiene betingsten

  • De dielnimmer ferklearret him bekend mei it feit dat dielname in goede sûnens yn sawol psychyske as fysike sin fereasket, en ferklearret dat er oan dizze eask foldocht en dat er him troch training en op oare wizen genôch taret hawwe sil op de Slachtemarathon. 
  • Dielname bart op eigen risiko en foar eigen ferantwurdlikens. 
  • De dielnimmer ferklearret de persoansgegevens neffens wierheid ynfolle te hawwen en de troch de organisaasje stelde minimum leeftiid foar dielname berikt te hawwen. 
  • Dielnimmer ferlient yn it foar tastimming oan de organisator foar it iepenbier meitsjen fan ûnder of om it evenemint hinne makke foto’s en byldmateriaal en sa, dêr ‘t de dielnimmer sichtber op is. 
  • De ferkearsregels moatte respektearre wurde. Folgje de ynstruksjes fan de meiwurkers fan de Slachtemarathon en/of de feilichheidstsjinsten altyd op. 
  • Dyn starttiid wurdt bepaalt troch it tiidstip fan ynskriuwen. Hoe letter ast ynskriuwst, hoe letter dyn starttiid. Freonen fan de Slachtemarathon hawwe de mooglikheid om in winske starttiid yn te foljen. De Stichting Slachtemarathon sil safolle mooglik yn it wurk stelle om oan harren winske starttiid te foldwaan. 
  • De dielnimmers oan de Slachtemarathon geane respektfol mei-inoar en de meiwurkers fan de Slachtemarathon om. 
  • Beskeadigje of ferûntreinigje de natuer net. 
  • Hûnen binne net tastien op de rûte. 
  • It brûken fan kuierstokken is net tastien op de rûte. 
  • Mei dyn ynskriuwing joust tastimming foar it meitsjen en brûken fan foto’s en filmbylden.