Heale Maraton

Rom 1.300 dravers dogge op 15 juny 2024 mei oan de heale maraton fan de 6e edysje fan de Slachtemarathon. Bisto der by? Op dizze side jouwe we in oersjoch fan watst ferwachtsje kinst as dielnimmer. Yn wike 21 krije alle dielnimmers in persoanlike brief mei dêryn it offisjele startbewiis en startnûmer en de meast wichtige ynformaasje.

Hâld de Slachtemarathon ek néi 2024 yn beweging. Wurd Freon!

Folgje de Slachtemarathon op sosjale media. Fynst ús op  Instagram en Facebook. Diel dyn tariedings en ûnderfining by de Slachtemarathon en tag @Slachtemarathon yn dyn berjocht en brûk #Slachte24. De Slachte rinst mei elkoar! By de Slachtemarathon sil Omrop Fryslân fia radio, televyzje en ynternet live ferslach dwaan. Thúsbliuwers kinne it folsleine evenemint dus út de luie stoel wei folgje.

Rûte

De Slachtemarathon is – njonken de Alvestêdetocht – in ikoan yn Fryslân. Rinst oer de iuwenâlde Slachtedyk. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan rom 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa stikken yn it parkoers dy’t besteane út gêrsdyk of sêfte ûndergrûn. Dat is by Frjentsjer en Achlum. It giet om likernôch 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. By net-ferkearsfrije oerstekpunten wurdst begelaat troch ferkearsregelers. Wolst de rûte graach printe? Sjoch dan hjir. 

Start

Alle startbewizen dy’t ôfjûn wurde binne keppele oan in spesifike namme en byhearrende kontaktgegevens. It is net mear mooglik en lit dyn startbewiis op in oare namme sette. Ek kinst startbewizen net trochstjoere. Krijst dyn unike startbewiis mei startnûmer, starttiid en ferfiersynformaasje fan wike 21 ôf op it postadres datst oanjûn hast. Nim dat mei nei de start! Dyn startbewiis wurdt by de start kontrolearre.

De heale maraton start foar alle dielnimmers om 06.30 oere yn Wommels. Der binne twa startfakken: 1 wedstrydfak foar de flugge wedstryddravers en 1 foar alle dravers. Sa ûntstiet in lang lint oan dielnimmers dy’t optimaal genietsje kinne fan de prachtige rûte oer de Slachtedyk. Draach dyn startnûmer fan start oant finish sichtber op it boarst. Alle dravers fan de heale maraton hawwe maksimaal 2 oeren en 50 minuten de tiid om de finish te heljen. Hast dus oant 09.30 oere de tiid om te finishen en yn de útslach fermeld te wurden. Alle útslaggen wurde bekend makke fia www.uitslagen.nl.

Ferfier

Kinst allinnich mei eigen ferfier by de startlokaasje yn Wommels komme. Lit dy ôfsette by de spesjale tút-en-derút-lokaasje (neist it Slachtepopterrein oan de Littenserbuorren) of parkear dyn eigen auto op de parkearlokaasje by Wommels. As it kin, besykje dan te carpoolen mei meardere dielnimmers yn 1 auto. Nei de finish kinst út Raerd wei mei de bus werombrocht wurde nei de startlokaasje yn Wommels. Dat bustrajekt giet fia Ljouwert. Yn Raerd stiet it opstapplak oanjûn.

Klean

By de start yn Wommels is in klaairomte foar manlju en froulju ynrjochte. Draach klean dy’tst dêrnei net mear brûkst. Alle klean wurde troch ús sammele en giet nei it Leger des Heils.

Fesoarging

Foar in heale maraton hast genôch brânstof nedich! Op 6 lokaasjes lâns de rûte biede we fruit mei bananen, sinesapels en wetter oan. Op de earste helte fan de riute is dat om de likernôch 5 kilometer. Fan 9,5 km ôf en dêrnei binne der fersoargingsposten om de likernôch 2,5 kilometer. De plakken wurde oanjûn mei boerden. By de finish is der fruit, wetter, bûljon en tee foar dy. Wc’s binne der by de start en de finish. Wy binne leaf foar ús dielnimmers. Bisto ek leaf foar de Slachtedyk? Goai dyn dzjels, itensrêsten, wetterfleskes en ôffal dêrom yn de dêrfoar bedoelde ôffalbakken. Dy fynst krekt foar, by en nei de fersoargingsposten. In negearjen dêrfan kin dy in tiidstraf opsmite. Mei elkoar hâlde we de Slachtedyk skjin!

Oantinken

Nei ôfrin fan de tocht krijst in unyk oantinken oan dien dielname oan de Slachtemarathon 2024. De Slachtemarathon hat ek in Slachtewebshop, fol mei unike Slachteprodukten, lykas in shirt, cap, singlet en noch folle mear. Wolst hielendal yn Slachtestyl meidwaan oan de maraton en in draachber oantinken oan de maraton hawwe? Gean dan fluch nei de webshop.

Besikersynformaasje

Wurdst brocht of ophelle, of hast belangstellenden dy’t dy oanmoedigje wolle ûnderweis? Klik dan hjir foar mear besikersynformaasje.

Oernachtsje

Friesland.nl hat in oersjoch mei allerhande oernachtingsmooglikheden tichtby de Slachtedyk. Besjoch se hjir.

Meast stelde fragen

Miskien hast nei it lêzen fan de ynformaasje hjir boppe noch fragen oer it kuierjen fan de Slachtemarathon. Gean nei de meast stelde fragen. Stiet dyn fraach der net tusken? Stjoer ús in e-mail. We stribje der nei om alle fragen binnen 1 wike te beantwurdzjen en sille regelmjittich de meast stelde fragen oanfolje.

Foar it meidwaan oan de Slachtemarathon binne de algemiene betingsten fan tapassing. Foar dyn ynskriuwing hast akkoart jûn op dy betingsten. Hjir kinst se neilêze.

De earstfolgjende edysje fan de Slachtemarathon is op 15 juny 2024. 

De heale Slachtemarathon start by boppe Wommels en finishplak is Raerd.

De Slachtemarathon rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan sa’n 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd.  It giet om sa’n 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. Wol stekst somtiden in net-ferkearsfrije dyk oer, tink dêr goed om! Ferkearsregelers stypje dy dêr en begeliede dy oer de dyk. De rûte krúst ek twa kear in spoaroergong, by Frjentsjer en by Boazum. Ferkearsregeler stypje ek dêr en begeliede dy oer de dyk. 

Hurdrinners dy’t meidogge oan de heale maraton starte om 06.30 oere. 

De finish foar alle dielnimmers is yn it sintrum fan Raerd op de Buorren by de tsjerke. 

13 jannewaris 2024 set de reguliere kaartverkoop útein fia de website fan de Slachtemarathon. Freonen meie in wike earder op 6 jannewaris harren kaarten bestelle. Hiest dy ynskreaun foar de maraton dy’t yn 2020 pland stie, dan kinst fan 10 jannewaris ôf bestelle. 

As Freon fan de Slachtemarathon hast in tal nijsgjirrige privileezjes. Hast dy ynskrean foar 1 oktober 2023, dan kinst in wike earder kaarten foar de Slachtemarathon bestelle, wêrtroch ast altyd wis bist fan dielname. Nij dit jier is de koarting dy’tst op dyn kaartsje krijst. Foar de heale maraton bellest € 32,50 yn stee fan de reguliere priis fan € 45,-. Dêrneist organisearje we yn net-Slachtemarathonjierren in spesjale kuier foar ús Freonen, de Freonekuier. Skriuwst dy nei 1 oktober 2023 yn, dan kinst takom jier meidwaan oan de jierlikse Freonekuier. 

Fansels kinst Freon wurde ! Wurdst dan alle jierren útnûge foar de Freonekuier (bûten de Slachtemarathonjierren om). Kinst allinnich net mear gebrûk meitsje fan it foardiel om foar de Slachtemarathon 2024 in wike earder yn te skriuwen, of te profitearjen fan de koarting fan € 5,-. Dy aksjes jilde wol foar de folgjende Slachtemarathon. De datum dêrfoar is al bekend! 17 juny 2028. Hjir kinst dy ynskriuwe as Freon. De Freonebydrage is op dit stuit €15,- yn it jier. It bedrach wurdt alle jierren yn april ôfskreaun fan dyn rekken.

Krijst as Freon begjin jannewaris in link fia de e-mail. Fia dy link kinst fan 6 jannewaris ôf dyn kaarten bestelle. 

Ast Freon bist fna de Slachtemarathon en wolst gebrûk meitsje fan de mooglikheid om in wike earder te bestellen as de reguliere kaartferkeap, dan hast dyn Freonenûmer nedich. Dat Freonenûmer kinst fine op dyn bankôfskrift of by it online bankieren by de ôfskriuwing fan dyn Freonebydrage oan de Slachtemarathon (automatyske ynkasso). 

Ast dy goed tariede wolst op dyn ynskriuwing foar de Slachtemarathon, soargje dan datst de neikommende gegevens by de hân hast. Ek binne der tal fan karren dy’tst it bêste foar it ynskriuwproses meitsje kinst: 

  • We freegje om de neikommende gegevens fan de besteller: namme, achternamme, adres, postkoade, wenplak, bertedatum, telefoannûmer en e-mailadres. 
  • Ast mear as 1 kaar bestelst, freegje we om deselde gegevens van dy persoan/persoanen. 
  • Allinnich foar Freonen: we freegje by ynskriuwing om dyn Freonenûmer. Dat kinst fine op bankôfskriften by de ôfskriuwing fan it bedrach foar dyn Freonelidmaatskip fan de Slachtemarathon (automatyske ynkasso). 
  • It is net mooglik om mei eigen ferfier nei de start te kommen. By dyn kaart is busferfier nei de startlokaasje ynbegrepen. Der binne trije ferskillende opsjes. Lês dy opsjes foar dyn ynskriuwing goed troch. Nei ynskriuwing kinst dit net mear oanpasse. Lês hjir mear oer de ferskate opsjes. 
  • Wolst ek in spesjaal Slachtemarathon T-shirt bestelle? Lês hjir mear oer de shirts. 
  • De betelling giet fia iDEAL. Dêrmei kinst fertroud, feilich en maklik online betelje. Je rekkenje ôf yn de fertroude mobyl bankieren app of ynternetbankier omjouwing fan je eigen bank.

Nee, dat is dit jier net nedich. Ast Freon bist, hast wol dyn Freonenûmer nedich. Dat Freoneniumer kinst fine op in bankôfskrift of yn ynternetbankieren by de ôfskriuwing fan it bedrach foar dyn Freonelidmaatskip (automatyske ynkasso).

Hast rjocht om dy earder yn te skriuwen, nammentlik op 10 jannewaris. Do krigest dêr in e-mail oer mei in link nei de ferkeapside. Dy e-mail kinst begjin jannewaris ferwachtsje. Soargje derfoar dat wy dyn goede e-mailadres hawwe!

In dielnimmer moat op de dei dat it evenemint hâlden wurdt op syn minst in minimumleeftiid berikt te hawwen. De minimumleeftiid by de 21,1 km (heale maraton) is 16 jier, by de 42,195 (folsleine maraton) 18 jier. 

Foar de minimale leeftijd voor dielname oan de hurdrinmaraton folgje we it (medysk ûnderboud) advys fan de Atletiekunie. Dat kinst hjer neilêze. 

De priisútrikking fan likegoed de Slachtemarathon 42,195 km (folsleine maraton) as de Slachtemarathon 21,1 km (heale maraton) is op it poadium by de finish op de Buorren by de tsjerke. De neikommende winners wurde huldige:

  • Earste 3 manlju en earste 3 froulju 42,195 km (folsleine maraton)
  • Earste 3 manlju en earste 3 froulju 21,1 km (heale maraton)

Foar alle hurdrinners wurdt de tiid registrearre troch in chip achterop it startnûmer. Nei it evenemint fynst de útslach werom op de útslaggenside op de website uitslagen.nl.

Der is medyske helpferliening oanwêzich. Lês hjir letter mear oer de lokaasjes fan de medyske stipe foar hurdrinners. 

Op de start-/finishlokaasje en by de fersoargingsposten binne húskes oanwêzich.

Foar de heale maraton komst mei eigen ferfier nei de start. Der binne twa ferskillende opsjes. Lês dy foar dy ynskriuwing goed troch. Nei ynskriuwing kinst dat net mear oanpasse. Lês hjir mear oder ferskate opsjes. 

It is net tastien dat fersoargers op de fyts mei dy mei geane op de folsleine rûte. As dat dochs it gefal is, dan folget diskwalifikaasje. 

Dielnimmers oan de 21,1 km (heale maraton) kinne tichteby de start harren âlde klean yn in goede-doele-kontener dwaan en ôfstean foar it goede doel, dat letter bekend makke wurdt. Der binne húskes oanwêzich tichteby de start foar de dravers. 

Dielname oan de Slachtemarathon is op eigen ferantwurdlikens en risiko. By ynskriuwing hawwe jo akkoart jûn op it wedstriid- en dielnimmersreglemint fan de Atletiekunie. 

Elkenien dy’t in dielnimmer fuort bringt of ophellet, of fans dy’t in dielnimmer oanmoedigje wolle, binne fansels fan herten wolkom. Besjoch yn it foar goed de ynformaasje op ús website foar besikers. We soargje derfoar dat dat rom op tiid te finen is, mar op syn lêst 1 maaie. 

Guon dikke binne ôfsletten en it is net foar elk part fan de rûte like ynfâldich om by de Slachtedyk te kommen.

De befêstigingsmail komt fan inschrijven.nl. Tsjek ek dyn spam of net-winske mail. Ast gjin befêstigingsmail krigen hast, nim dan kontakt op fia it kontaktformulier. 

Nei it sluten fan de online ynskriuwing is it net mear mooglik om yn te skriuwen.

Oant en mei 15 maaie is it mooglik om in wiziging troch te fieren yn dyn gegevens. Nei dy datum is it net mear mooglik om wat te feroarjen. Tink derom! Is it net mooglik om dyn ferfiersopsje te feroarjen nei ynskriuwing. 

Nee, dit is in foarriedige tawizing. Ofhinklik fan it tal dielnimmers en it oanbod fan leveransiers kin it wêze dat Slachtemaraton oanpassingen trochfiere moat. Do krijst hjiroer begjin maaie 2024 berjocht.

De organisaasje hâldt him it rjocht foar de rûte, start – en/of finishtiden en/of -plak te wizigjen oft de Slachtemarathon hielendal of foar in part ôf te sizzen op grûn fan ekstreme waarsomstannichheden of oare kalamiteiten, as dat yn reedlikens net oars fan de organisaasje ferwachte wurde kin. 

As de Slachtemarathon skrast wurde moat, sil de organisaasje alles yn it wurk stelle dat fan de Stichting frege wurde kin om in ferfangende datum oan te bieden. De Stichting is lykwols net ferplichte in oare datum oan te bieden. 

De organisaasje kin net ferantwurdlik steld wurde foar persoanlik makke kosten as it evenemint troch oermacht skrast wurde moat.

Op dit stuit binne alle frijwilligerstaken dy’t der ta dogge by de Slachtemarathon noch net bekend. We sille dêroer yn koarten mear ynformaasje op ús website sette. Wolsto ús helpe by in evenemint? Meld dy oan fia info@slachtemarathon.nl

  • De dielnimmer ferklearret him bekend mei it feit dat dielname in goede sûnens yn sawol psychyske as fysike sin fereasket, en ferklearret dat er oan dizze eask foldocht en dat er him troch training en op oare wizen genôch taret hawwe sil op de Slachtemarathon. 
  • Dielname bart op eigen risiko en foar eigen ferantwurdlikens. 
  • De dielnimmer ferklearret de persoansgegevens neffens wierheid ynfolle te hawwen en de troch de organisaasje stelde minimum leeftiid foar dielname berikt te hawwen. 
  • Dielnimmer ferlient yn it foar tastimming oan de organisator foar it iepenbier meitsjen fan ûnder of om it evenemint hinne makke foto’s en byldmateriaal en sa, dêr ’t de dielnimmer sichtber op is. 
  • De ferkearsregels moatte respektearre wurde. Folgje de ynstruksjes fan de meiwurkers fan de Slachtemarathon en/of de feilichheidstsjinsten altyd op. 
  • Dyn starttiid wurdt bepaalt troch it tiidstip fan ynskriuwen. Hoe letter ast ynskriuwst, hoe letter dyn starttiid. Freonen fan de Slachtemarathon hawwe de mooglikheid om in winske starttiid yn te foljen. De Stichting Slachtemarathon sil safolle mooglik yn it wurk stelle om oan harren winske starttiid te foldwaan. 
  • De dielnimmers oan de Slachtemarathon geane respektfol mei-inoar en de meiwurkers fan de Slachtemarathon om. 
  • Beskeadigje of ferûntreinigje de natuer net. 
  • Hûnen binne net tastien op de rûte. 
  • It brûken fan kuierstokken is net tastien op de rûte. 
  • Mei dyn ynskriuwing joust tastimming foar it meitsjen en brûken fan foto’s en filmbylden.