
Fan 6 desimber oant en mei 7 febrewaris koedest dyn korps, koar of band oanmelde om muzyk te meitsjen by de Slachtemarathon op sneon 13 juny 2020
Tiid en tema
It giet om in optreden fan 2 oant 3 oeren tusken 6:00 en 23:00 oere op sneon 13 juny. It tema fan de 6e Slachtemarathon is Stream.
Gearwurking mei Waterconcert
Korpsen, dogge jim ek mei oan it Waterconcert op 21 juny 2020 by CityProms yn Ljouwert?
De Slachtemarathon is in try-out foar it Waterconcert! It stik fan Bill Laurance dat spesjaal skreaun is foar it Waterconcert litte wy ek graach op 13 juny 2020 oan ús rinners hearre. It passet perfekt by it tema fan de Slachtemarathon: Stream. Jim kinne ek jim eigen ynbring foar it Waterconcert 2020 spylje.
Fergoeding
De Slachtemarathon jout de folgjende fergoeding (ynkl. reiskosten):
korps/fanfare/bigband/brassband/muzykferiening mei dirigint €300
koar/shantykoar/doarpskoar mei dirigint €150
band fan 3 persoanen of mear €45
solo-of duomuzikant €22,50
Oanmelde
Oanmelde koe tusken 6 desimber 2019 en 7 febrewaris 2020. Om’t der genôch oanmeldingen kamen, is de oanmelding op 1 febrewaris al sletten. Oanmelde is net mear mooglik.
Fragen?
Mail ús: muzyk@slachtemarathon.nl.
De Slachtemarathon is foar de programmearing fan de korpsen en koaren tige wiis mei de meiwurking fan: