Lânskip

De Slachtedyk is in libbene en bochtige dyk dy ‘t him om âlde slinken, prielen en útfochten rúzjes tusken grûnbesitters en dikebouwers hinne kronkele hat. It is in saneamde slieperdyk fan de âlde Fryske Middelsee. De Slachtemarathon is kuierje en drave oer histoarje. 

As oaniensletten dyk hat de Slachtedyk in lytse 500 jier bestien, mar stikken fan de dyk binne folle earder oanlein. De âldste datearring giet werom nei mar leafst rom foar it jier 1000. De jongste parten binne om 1200 hinne oanlein. In âld part leit om de west – en súdside fan de polder fan Easterein, ien fan de earste bedike gebieten fan Fryslân. 

Lang lint van natuer

De bochtige dyk is in byldbepalend kultuerhistoarysk elemint yn it Fryske lânskip. It Fryske Gea is de eigener fan de Slachtedyk en dêrmei ek de gasthear fan de Slachtemarathon. Dizze natuerbehearende organisaasje wol der alles oan dwaan om de natuerwearden fan de histoaryske dyk te fersterkjen, sadat de Slachtedyk in lang lint fan natuer wurdt.

Bloeiend dekôr

De Slachtedyk is kwa natuer benammen fan belang troch de bysûndere en seldsume planten dy ‘t der groeie. Yn ‘e maitiid is de dyk op guon plakken glânzjend wyt fan bloeiend piipkrûd en hagedoarn, op guon plakken fariearre mei it kleurich giel fan bûterblom en read fan klaver en surk. De seldsume planten hawwe ta de ferbylding sprekkende nammen lykas Njirretonge (Addertong), mar ek Draadklaver, Weidehavikskruid, Goudene Hjouwer of Pearze moarnsstjer. De Slachtedyk foarmet mei syn blomrike bermen in wichtige ekologyske ferbiningssône troch it lânskip. Yn de Slachtemarathon kinst al kuierjend of dravend fan dat prachtige lint troch it Fryske lânskip genietsje. Tsientallen bistesoarten, lykas Stikelflinter en Fjildmûs, meitsje der alle dagen gebrûk fan.