Doarpeprogramma

De doarpen by de Slachtedyk del biede allegearre in eigen kultureel programma. Foar de edysje fan 15 juny 2024 presintearje de doarpen harren krekt efkes ‘Wat oars’, it tema fan dit jier. Se litte sjen en heare wêr’t se foar steane en grutsk op binne.

Hjirûnder kinst lêze watst fan de doarpen ûnderweis ferwachtsje kinst.

Dykfek 1 – Easterbierrum

Yn 2024 is de Waadsee 15 jier UNESCO Wrâlderfguod. It doarp Easterbierrum leit de klam op de lizzing oan de Waadsee troch it tema fan dit jier ‘Wad oars’ te meitsjen. By de seedyk wentelst dy as kuierder yn de magy dy’t de doarpelingen kreëarre hawwe. Ferwachtsje: fiskje oan de binnenkant fan ‘e dyk en in blauwe blommesee by de âlde seekearing del. Dat allegearre stipe troch in sereen klankspul. Mar fierderop ek muzyk fan korpsen en in doarpskoar.

Dykfek 2 – Tsjummearum

Tsjummearum set de sokken der yn! In programma fol teater en muzyk. In opropke oan dy as kuierder: nim in pear âlde sokken en waskknipers mei en fersier tegearre mei alle oare kuierders dit stikje Slachtedyk!

Dykfek 3 – Seisbierrum

Wrotte yn ‘e klaai! Mei boerewiisheden en siswizen winsket dit doarp dy in goede en weardefolle reis! Der is yn dit dykfak omtinken foar de moaie omjouwing en alles wat it fruchtbere (bou)lân ús jout. Besjoch hokfoar moaie produkten út dizze regio komme. Wylst als kuiderder genietest fan de natoer, litte we dy op ‘en nij de histoarje fan de lânbou ûntdekke. Ek silst sjen wat Seisbierrum kenmerket.

Dykfek 4 – Winaam

“Net stinne mar rinne “, seit de organisaasje fan it doarp Winaam. It doarp is moai fersierd en oanklaaid, referearjend oan de âlde slûs Getswerdersyl. Lit dy ferrasse!

Dykfek 5 – Hjerbeam

Hjerbeam jout by de Slachtemarathon in ferrassende fotogelegenheid, dêr’t minsken yn de kunde komme kinne mei eigenskippe dy’t it doarp unyk meitsje. Fan skildereftige lânskippen oant histoaryske gebouwen. Gryp dyn kamera en lit dy ferrasse troch it pittoreske Hjerbeam by de Slachtemarathon!

Dykfek 6 – Hitsum

Hitsum is de earste oase dy’tst by de Slachtemarathon tsjin komst. Dit doarp hat al fan de midsiuwen ôf in bân mei fruitbeammen. De oase wurdt dan ek ynrjochte as in middeliuwske merk yn in fruithôf, kompleet mei in stinsepoarte en echte fruitbeammen. Harkje nei de middeliuwske muzyk en besjoch de âlde ambachten (manneflechter, smid, wolspinner en fiskrikkers) en allarhande fee dat hjir omrint! Hjir kinst ta rêst komme en genietsje fan kofje, sop en in broadsje.

Dykfek 7/8  – Achlum/ Arum

Achlum wurdt op 15 juny Frysk Fenesië! Mei in echte gondel yn de sa kenmerkende doarpsfeart. De strjitten binne fersierd yn it tema. Kom ûnderweis Fenensiaanske karnafalsgasten tsjin dy’t troch it doarp flanearje. Der is muzyk strjitteteater en folle geselligens. Op it sintrale punt yn Achlum, it San Marcoplein, kinst telâne foar kofje, tee, sop, pizza of in hearlike Italiaanske iisko. Dêrnei ferfolget de rûte by de Arumer toer del, dy’t spesjaal foar dizze dei ferpleatst is nei Achlum!

Dykfek 9 – Tsjom

Fia de Griene Dyk komst op it dykfak fan Tsjom. Hjir krijst in waarm wolkom fan korpsen en koaren. Kom gewoan efkes lekker sitten en genietsjen. Mei de holle fol nije klanken en in lekker ritme, kuierst dêrnei fleurich en fol enerzjy fierder de Slachtedyk op.

Dykfek 10 – Lollum/ Waaksens

Lollum-Waaksens is grutsk op syn NK skoalfamkes winners keatsen 2023. Kom en ûnderfyn it keatsspul. Doch in echte keatskrânse om en meitsje in selfie. Hear de klanken fan ien fan de lytste harmonygroepen: Asaf fan Lollum en ien fan de grutste: Da Capo fan Ljouwert. En wurdt traktearre op Potstro en Lollumer Stip. Efkes ‘wat oars’ as al dy dzjelpûdsjes, mar krekt like ryk oan enerzjy!

Dykfek 11 – Kûbaard

Yn Kûbaard stiet de doarpskrante (sûnt 1980), de S.O.K. sintraal. Nim in unike selfie mei in gigantyske telescoop “Sicht op Kûbaard”. Ferwûnderje dy oer de reuzesok yn de greide. Rin oer de fersierde rûte, oanklaaid mei fleurige sokken, makke troch jong en âld. Sa hjit Kûbaard elkenien wolkom op dit moaie stikje Slachtedyk.

Dykfek 12 – Wommels

“Pas op foar frjemde fûgels” by de oase fan de Slachtemarathon yn Wommels! Oan de râne fan it Skriezelân (Gruttoland), binne allerhande frjemde fûgels delstrutsen. Gigantyske readboarskes stelle hjir de show. Sjongfûgels fan lokale koaren ferliede dy en oare kuierders it terrein op, dêr’t dûnsers mei fearetoaien ferrassende acts fersoargje. Bern wurde omtsjoend dat lytse papegaaien en flamingo’s. En fansels soarget de lokale hoareka foar iten en drinken. Nei al dy nuvere ûnderfiningen is der tiid om te genietsjen fan it lândskip. Genietsje fan de prachtige meldijen fan in fado mei har harp ferlitst de oase fan Wommels.

Dykfek 13 – Easterein

Op kilometer 27 stapst letterlik Kafé Bergsma Easterein yn, wêr’st ûnder oaren in hearlike kop (moster)sop krije kinst. Ast ûnderweis der hinne bist, komst alfêst yn de sfear fan eartiids, mei spreuken en oare saken dy’t te sjen binne yn de bermen. En ferjit foaral net de bysûndere sfearfolle dixies in besite te bringen. Fan herten wolkom yn Easterein!

Dykfek 14 – Hidaard

Yn het dykfek van Hidaard is it âlderwetsk gesellich. Genietsje fan de live muzyk fan The Fabs, The Fore Bitter Crew en de Swalkers út Blauhús. Op it terrein (tichtby De Kliuw) is plak foar dy as kuierders en publyk. Der is ek catering oanwêzich.

Dykfek 15 – Reahûs

Reahûs: Wêr oars?! Folslein in Slachtetema, want alles is hjir read fersierd, of read ynpakt en der bloeie reade blommen yn de berm.

Dykfek 16/ 17 – Lytswierum / Rien / Itens

Sadra’tst fan Reahûs nei de hoeke fan de Slachte rinst, hearst de Ljip bluisterich tierjen. Dat jout rêst nei al dy drokte, feest en stevige muzyk. Kinst efkes bekomme op de lougenbanken en de telefoan en ynwindige minske oplade. In selfie mei de Ljip mei net ûntbrekke. De hiele dei sille korpsen muzyek heare litte en tusktenroch draait in DJ de hit “De Ljip fan Itens’. Utrêsten en opladen kinst dan wer op paad.

Dykfek 18 – Boazum

Yn Boazum komst troch de lêste oase fan de Slachtemarathon. It doarp stiet by de Slachte bol fan aktiviteiten. Sa stiet it leaflike doarpke foaral bekend om De Nacht fan Boazum. Sûnt 1989 stiet der alle jierren in lêste tintefeest fan Fryslân yn oktober, mei de allerlangste tinte fan de provinsje. By de maraton stiet der by binnenkomst yn it doarp in korps dy op te wachtsjen om dy oan te moedigjen. Rin by de gesellige kûle del, by de jeu-de-boulesbaan yn it doarp, dêr’t in poadium stiet dêr’t de hiele dei optredens te beharkjen binne. Der is romte om te sitten en der is catering oanwêzich.

Dykfek 19 – Wiuwert/ Britswert

Yn dit dykfek is it feest folslein yn festivalstyl. Harkje hjir nei alle lokale bandsjes fan Friesland Pop. Ut Us Honk wei, wurdt hjir troch frijwilligers in catering fersoarge.

Dykfek 20 – Easterwierrum

Easterwierrum is feestlik fersierd, want komst no echt tichterby de finish.! Genietsje fan de optredens yn dit doarp. Troch al it publyk dat dy tajubelt, wurdst figuerlik drûgen troch dit doarp.

Dykfek 21 – Reduzum

Tusken Easterwierrum en Raerd stiet de Blauwe Tinte fan Reduzum. Yn en rûnom dit plak is der muzyk te hearen fan Leave 17, Siemie en Jack en 2 bigbands. Koartsein, de lêste leadsjes kinne swingend folbrocht wurde!

Dykfek 22 – Raerd

Wat in prestaasje, 42 km folbrocht! Wês wolkom yn it feest, want datsto de Slachte foltôge hast, moat fierd wurde! Genietsje nei mei in hapke en snapke. En hast nocht om noch in cooldown te dwaan troch te dûnsjen yn de feesttinte: wês wolkom!