Slachtemarathon iepenet lytste kaartferkeapsintrum fan ‘e wrâld

Neist dat de kaarten foar de Slachtemarathon sneontemoarn 18 jannewaris fan 06.00 oere ôf te keap binne op de webside fan de Slachtemarathon, iepent de organisaasje dy dei ek in ‘echt’ kaartferkeappunt. It is it lytste kaartferkeapsintrum fan ‘e wrâld en it stiet op it plak dêr’t de Slachtemarathon yn 2020 har finish hat: op hichte fan Slachte 12 by Easterbierrum.

It fysike kaartferkeappunt iepent op sneon 18 jannewaris om 05.45 oere. In kertier earder dus as de kaartferkeap op de webside úteinset. “It past by de Slachtemarathon om ek persoanlik in kaartsje keapje te kinnen”, seit artistyk lieder Marten Winters.

De Slachtemarathon is dit jier op sneon 13 juny. Der binne 13.500 kaarten beskikber foar kuierders en 1.750 foar hurddravers. Dêrfan binne yn de foarferkeap foar Freonen fan de Slachtemarathon ôfrûne wike al kaarten ferkocht. Wa’t sneontemoarn de kaarten yn Easterbierrum keapje wol, kin it bêste goeie klean en tichte skuon oandwaan. De earste leafhawwers leinen woansdeitejûn al yn ‘e rige.

(foto: Henk Bootsma)