Hjir is it dan! Op fersyk sette we alle twa wiken in stik fan in kuierskema online. Dan witst seker datsto net efter de feiten oan sjoust! It wurket hiel ienfâldich. Folgje de training dy’t opjûn is neffens it skema. We begjinne mei twa trainingen yn de wike dy’tsto, op in foar dy handige dei, dwaan kinst.

Yn de earste stikken fan it skema sil de fokus lizze op tiid. Geandewei sil dat ferskowe nei kilometers. De kuiertempo’s fariearje fan “rêstich kuierje” oant “heech tempo”. Troch op ferskate tempo’s te rinnen sil dyn kondysje ferbetterje.

Kuiertempo’s
We begjinne rêstich te kuierjen (rêstich kuierje). In moai tempo datsto lang folhâlde kinst. It fieren fân in petear giet nog maklik. It twadde tempo is stevich kuierje. De hertslach giet wat omheech en in petear hâlde wurdt lestich. Yn it skema silst dit tempo net langer as 45 minuten rinne. Dan hawwe noch it gongspul (vaartspel). Hjirby is de fariaasje einleas. Rin ris ferskaate tempo’s fan lantearnepeal oant lantearnepeal. Of bygelyks hiel rêstich in brêge oer kuierje.

Nim genoch rêst en foarkom blessures
Yn it skema is genoch rêst ynboud. Dy rêst hasto nedich om dyn spieren wer klear te meitsjen foar de folgjende training. Elk liif is fansels oars, it is de keunst om dat algemiene skema oan te pasjen oan dyn libbenswize en kondysje. Sla in training oer wannear neadich. Lûsterje goed nei dyn liif!

Folgje ús skema ek op sociale media
We jouwe dy mei dit skema in hânfet om 13 juny sa goed as mooglik taret oan de start te stean. Let op, dit skema jout gjin garânsjes. We hoopje datsto in soad moaie kilometers belibje silst. Diel dyn ûnderfinings mei ús op sosjale media onder de #slachjeom of reagearje yn it kommentaar.

Protte súkses!

PDF download: kuierskema – slachtemarathon