Gjin Slachtemarathon 2021, op nei de takomst

Der komt gjin Slachtemarathon yn 2021. Foarsitter Anne Jochum de Vries: “It is gewoanwei net mooglik om yn 2021 in Slachtemarathon te organisearjen. Dan hiene we op syn lêst in pear moanne lyn al útein sette moatten mei de organisaasje. En sa as we allegearre witte is it noch ûnwis hoe’t it komt mei alle maatregels.” Mar de organisaasje sit net stil, dy rjochtet it fizier op de takomst en sil ûndersyk dwaan nei dy takomst.

 

In protte feroare

“Tweintich jier en fiif edysjes fierder is der in protte feroare”, fertelt De Vries fierder. “De rinners fan 2000 binne âlder wurden, de winsken fan rinners en nije rinners binne feroare. Tagelyk freget it organisearjen fan sa’n grut evenemint as de Slachtemarathon hieltyd mear. De wurde oare easken steld as yn 2000. Dit is dan ek in goed momint om werom, mar foaral ek foarút te sjen. We sille yn petear mei de minsken, doarpen en organisaasjes dy’t belutsen binne, mei de rinners, mar ek mei de groep minsken dy’t we noch net moetsje by de Slachtemarathon.” Dat proses sil de kommende moannen plakfine, foar safier’t dat kin mei de maatregels dy’t der no binne.

 

De folgjende Slachtemarathon

It is noch net dúdlik wannear’t de folgjende Slachtemarathon is. “We binne benijd wat dit ûndersyk opsmyt. De Slachtemarathon is en bliuwt in ikoanysk evenemint foar Fryslân en hat foar in protte minsken in grutte wearde. Dêr meie we mei inoar grutsk op wêze en dêr moatte we mei inoar goed op passe. Mei dit ûndersyk witte we hoe’t we dat aanst sa goed mooglik dwaan kinne.”