FAQ’s

Hjirûnder steane de meast stelde fragen en fansels de antwurden dêr op. Stiet dyn fraach der net tusken? Sjoch dan ris op ús Facebookside of mail nei info@slachtemarathon.nl.

Kin ik myn auto al op 12 juny yn Easterbierrum del sette?

Ja, dat kin.

Ik wit myn Freonenûmer net.

Ast Freon fan de Slachtemarathon bist, en wolst gebrûk meitsje fan de mooglikheid om in wike earder as de gewoane kaartferkeap te bestellen, dan hast dyn Freonenûmer nedich. Dat Freonenûmer kinst fine op dyn bankôfskrift of by it online bankieren by de ôfskriuwing fan dyn Freonebydrage oan de Slachtemarathon (automatyske ynkasso). Dat bedrach is yn maart 2019 ôfskreaun of ast letter yn it jier Freon wurden bist yn desimber 2019.

Hokker gegevens binne handich om by de hân hawwen by it ynskriuwen?

Moats ferskate saken ynfolje en keuzes oanjaan by it bestellen fan kaarten. Ast dy goed tariede wolst op de ynskriuwing, soargje dan datst de neikommende dingen by de hân hast of alfêst in keuze makke hast.
  • Allinnich foar Freonen: we freegje by de ynskriuwing om jo Freonenûmer. Dat kinst fine op dyn bankôfskriften by de ôfskriuwing fan it bedrach foar dyn Freonelidmaatskip fan de Slachtemarathon (automatyske ynkasso)
  • We freegje om gegevens van de besteller: namme, achternamme, adres, postkoade, wenplak, bertedatum, telefoannûmer en e-mailadres
  • Ast mear as 1 kaart bestelst, freegje we ek om dyselde gegevens van de twadde kuierder
  • Ferfiersopsjes: hokker opsje is foar dy it handichst om by de start te kommen? Lês hjir mear oer de ferskate opsjes.
  • Wolst ek shirts en/of hoodies bestelle? Lês hjir mear oer de shirts en hoodies.
  • De betelling giet fia in automatyske ôfskriuwing. It is dus handich om ek alfêst jo IBAN-nûmer op te skriuwen, dan kinst it gau ynfolje.

Ha ik ynlochgegevens nedich om my yn te skriuwen foar de Slachtemarathon 2020?

Nee, dat is dit jier net nedich. Ast Freon bist, hast wol dyn Freonenûmer nedich. Dat Freonenûmer kinst fine op dyn bankôfskriften of yn dyn ynternetbankieren by de ôfskriuwing fan dyn Freonenlidmaatskip (automatyske ynkasso).

Hoe lang mei ik oer it draven fan de Slachtemarathon dwaan?

De tiidlimyt stiet op 5.30 oere.

Wat binne de starttiid blokken foar it kuierjen?

De kuierders starte fan 7.00 oere ôf. Elke 10 minuten giet der in nije groep fan start. Freonen kinne harren foarkar oanjaan. Sy meitsje in kar út de folgjende opsjes:
  • sa betiid as mooglik
  • tusken 7.00 en 8.00 oere
  • tusken 8.00 en 9.00 oere
  • tusken 9.00 en 10.00 oere
  • tusken 10.00 en 11.00 oere
  • gjin foarkar

Wat is de ôfstân fan de Slachtemarathon?

De Slachtemarathon hat in ôfstân fan 42195 meter, in maraton. Fansels is dizze ôfstân foar de hurddraafwedstryd eksakt útmjitten. It is foar sawol kuierders as hurddravers net mooglik om in koartere ôfstân te rinnen. We biede allinne de hiele maraton as ôfstân oan.

Wannear begjint de kaartferkeap foar de Slachtemarathon op 13 juny 2020?

De kaartferkeap begjint op sneon 18 jannewaris 2020 om 06.00 oere. Freonen kinne in wike earder bestelle: op sneon 11 jannewaris 2020 om 06.00 oere.

Wat kostet meidwaan oan de Slachtemarathon foar kuierders?

De priis fan in startkaart foar kuierders is € 37,50. De priis is ynklusyf de kosten foar it busferfoer, it kultuerele programma oan de rûte en fansels it unike oantinken oan dyn bysûndere en sportive prestaasje.

Wat kostet meidwaan oan de Slachtemarathon foar hurddravers?

In startkaart foar hurddravers kostet € 55. Oant en mei 1 maart biede we € 10 koarting foar betide boekers. De kaarten foar hurddravers kostje dus oant en mei 1 maart € 45. By de priis fan de kaarten foar de hurddravers is ynbegrepen:
  • startnûmer mei dyn namme
  • tiidregistraasje mei in chip yn it startnûmer
  • de mooglikheid om de útslagen online yn te sjen
  • in bysûnder en útdaagjend parkoers yn it prachtige Fryske lânskip
  • fersoargingsposten alle 5 km. en fan 30 km. ôf alle 2,5 km.
  • pacers foar ferskate skema's
  • in unyk oantinken, datst ûntfangst by de finish
  • keunst, kultuer en muzyk ûnderweis, fansels passend by de hurddraafwedstryd

Hoefolle kaarten kin ik keapje?

Kuierders kinne maksimaal 2 kaarten keapje. Hurddravers kinne maksimaal 1 kaart keapje. Dat jildt likegoed foar Freonen as foar oare bestellers.

Kin ik foar in groep kaarten bestelle, sadat we mei ús allen starte en kuierje kinne?

Kuierders kinne op syn meast 2 kaarten de kear bestelle. It is net mooglik om gruttere oantallen kaarten yn 1 kear te bestellen. Ast mei in groep rinne wolst, moatst dus los fan inoar kaarten keapje. It kin wêze datst jimme dan net yn deselde startgroep pleatst binne. We advisearje om dan yn ien fan de earste doarpen even op inoar te wachtsjen en dêrnei meiinoar fierder te rinnen. Wy kinne de starttiden spitigernôch net oanpasse.

Hoe âld moatte je op syn minst wêze om mei te dwaan oan de Slachtemarathon?

Foar kuierders fan de Slachtemarathon jildt dat sy 12 jier ôf âlder wêze moatte. Foar de dravers fan de Slachtemarathon jildt dat sy 18 jier of âlder wêze moatte. It is foar wa't jonger is as 18 jier op de dei fan de Slachtemarathon net mooglik mei te dwaan oan de hurddraafwedstryd. Foar de leeftiid foar meidwaan oan de hurddraafwedstryd folgje wy it (medysk ûnderboud) advys fan de Atletiekunie. Dat is hjir te lêzen.

Kin ik my noch ynskriuwe as Freon foar de Slachtemarathon 2020?

Wa't nei 1 desimber 2019 ynskriuwt as Freon, kin foar de Slachtemarathon 2020 net mear gebrûk meitsje fan de Freon-foardielen. It is wol mooglik om Freon te wurden en dêrmei de Slachtemarathon te stypjen. Freonen ûntfange yn net-Slachtemarathonjierren in útnûging foar de Freonekuier en binne as earste op 'e hichte fan it nijs oer de Slachtemarathon. Mear witte? Sjoch op: https://www.slachtemarathon.frl/fy/wurd-freon/

Wannear is de folgjende Slachtemarathon?

De folgjende edysje fan de Slachtemarathon is op 13 juny 2020. Dy edysje rint fan Raerd nei Easterbierrum.

Wannear begjint de kaartferkeap fan de 2020-edysje?

De kaartferkeap begjint op 18 jannewaris 2020. Freonen kinne al op 11 jannewaris 2020 kaarten keapje.

Der is my tasein dat ik in trui, shirt of dielnimmerskaart krije soe, krij ik dy noch?

Fansels komme we dy belofte nei en krijst foar de folgjende edysje fan de 2020 noch dyn trui, shirt of kaart. Natuurlijk komen we deze belofte na en ontvang je voor de volgende editie van 2020 alsnog je trui, shirt of kaart.