De kuierkaarten binne útferkocht

De kuierkaarten foar de Slachtemaraton 2024 binne útferkocht. Hurdrinners kinne har noch wol ynskriuwe. Mis dyn kâns net op dizze hurdrin ervaring op 15 juny 2024 yn de Slachtemaraton. Njonken de 42 km hurdrinne is der dit jier foar it earst ek de mooglikheid om mei te dwaan oan de heale maraton hurdrinne (21 km ). Wurd de alderearste dy ‘t dizze ôfstân ôfleit en skriuw skiednis! Bestel dyn kaarten foar 1 febrewaris en profitearje fan ierboekkoarting!

Op de earste dei fan de kaartferkeap foar de Slachtemaraton 2024 rûn it fuortendaliks al stoarm mei ynskriuwingen. Om 12.00 oere stie de totale stân op goed 10.000 ferkochte kaarten foar dit Fryske kuier – en hurdrinevenemint. Binnen trije wiken waard it maksimale oantal fan 10.500 kuierders helle. Der binne op it stuit ek al hast 2.000 ynskriuwingen troch hurdrinners. Foar dit ûnderdiel kinne har maksimaal 4.500 dielnimmers ynskriuwe.

Direkt ynskriuwe as hurdrinner:

Heale maraton (21 km )

Hele maraton (42 km )