Ynformaasje kaartferkeap Slachtemarathon 2020

Hjir fynst de wichtichste ynformaasje foar de ynskriuwing foar de Slachtemarathon, foar likegoed de kuierders as de hurddravers. Lês dit goed troch foardatst de kaarten bestelst. Der stiet wichtige ynformaasje en útlis oer de karren dy’tst yn it bestelproses meitsje moatst.

Start ynskriuwing

De ynskriuwing foar de Slachtemarathon set útein op sneon 18 jannewaris 2020, om 06.00 oere yn de moarn, fia www.slachtemarathon.frl.

 

Kaarten bestelle

Yn it ynskriuwsysteem stiet stap-foar-stap omskreaun hokker karren ast meitsje moatst en hokker ynformaasje we fan dy nedich binne. Ast de ûndersteande ynformaasje trochlêst en dy alfêst tariedst, komt it mei dyn ynskriuwing hielendal goed.

 

Priis kaarten kuierders

Dielname oan de Slachtemarathon 2020 kostet € 37,50 de persoan. Dêrfoar kinst meidwaan oan de tocht oer de eardere Slachtedyk, mei ûnderweis in oanbod fan keunst en kultuer troch in prachtich lânskip. De rûte rint troch de doarpen oan de Slachtedyk, dy’t elk harren eigen progamma hawwe. Der binne trije ‘oases’: gruttere plakken mei in wiidweidiger oanbod oan muzyk, kultuer, iten en drinken.

Ek sit by de priis fan de kaart it ferfier fan en nei de start en finish en in bysûnder oantinken oan dyn meidwaan oan de Slachtemarathon. Der binne 13.500 kaarten beskikber.

 

Prijs kaarten hurddravers

Foar de hurddravers kostet meidwaan € 55,-. Oant en mei 1 maart kostje kaarten € 45,-. Dravers krije dan dus € 10,- BETIDE-BOEKERS-KOARTING.
De ynskriuwing slút as it maksimaal oantal dielnimmers berikt is, mar uterlijk op snein 17 maaie 2020. Der binne 1.750 kaarten beskikber. De dravers begjinne om 06.30 oere, noch foar de kuierders út.

Bij dyn ynskriuwing foar de Slachtemarathon sitte de neikommende ûnderdielen foar de hurddravers yn de priis:

  • startnûmer mei dyn namme
  • tiidsregistraasje fia chip op startnûmer
  • prachtige útdaagjende rûte oer de eardere Slachtedyk
  • fersoargingsposten ûnderweis op 5 – 10 – 15 – 20 – 25 – 30 – 32,5 – 35 – 37,5 – 40 km
  • pacers oanwêzich foar skema 3.15 – 3.30 – 3.45 – 4.00 – 4.15 – 4.30 – 4.45 oere
  • ferfier fan in sintrale lokaasje yn Fryslân nei de start en fan de finish ôf werom nei dy lokaasje
  • een unyk oantinken oan de Slachtemarathon 2020
  • keunst, kultuer en muzyk ûnderweis, fansels oanpast oan de aard fan de wedstryd foar dravers

 

Maksimaal tal kaarten

It is foar kuierders mooglik om maksimaal 2 kaarten te bestellen. Foar dravers giet it om 1 kaart. Dat jildt likegoed foar Freonen as foar oare kaartkeapers.

 

Startgroepen (kuierders)

By de oankeap fan de kaart foar de Slachtemarathon wurde dielnimmers yn startgroepen yndield. Sa ûntstiet der in lange sliert oan dielnimmers dy’t optimaal genietsje kinne fan it programma fan de Slachtemarathon en de rêst en romte fan de prachtige rûte. De startgroepen wurde op folchoarder fan kaartferkeap yndield. De earste kaartkeapers krije de betiidste starttiid. Der wurdt starten tusken 07.00 en 11.00 oere.
It is net mooglik om de starttiden te feroarjen by de organisaasje.

 

Persoanlike gegevens

We freegje by de ynskriuwing dyn namme, adres, bertedatum, telefoannûmer en e-mailadres. Sa kinne we dy ynformeare yn de tarieding nei de Slachtemarathon. En ek post nei dy tastjoere. Ast 2 kaarten bestelst, hawwe we dy gegevens ek nedich fan de 2e kuierder.

 

Atletiekunie-nûmer (hurddrave)

By it bestellen fan de hurddraverskaarten kinst dyn atletykferiening of – ringroep ynfolje, as dy lid is fan de Atletiekunie. Mei dyn Atletiekunie-nûmer wurdst yn de goede kategory dravers yndield. Dat is foaral foar dravers mei in wedstrydlisinsje wichtich.  

 

Ferfier fan en nei de Slachtemarathon 2020

De Slachtemarathon fynt plak yn in bysûnder gebiet. De dyk ferbynt de doarpen yn in prachtich lânskip fan it hert fan Fryslân yn Raerd oant de seedyk yn Easterbierrum. In gebiet dêr’t rêst en romte bysûndere wearden foarmje. Dát betsjut ek dat it gebiet net ynrjochte is op 15.250 dielnimmers dy’t mei eigen ferfier nei de start en finish fan de Slachtemarathon komme. Dêrom biede we ferskate ferfiersopsjes oan.

Der binne meardere mooglikheden om by de start fan de Slachtemarathon te kommen:

  1. Rinnend of mei de fyts nei de start yn Raerd (ynskriuwformulier: lopend/met de fiets naar de start).
  2. Parkearst dyn auto tichtby de finish yn Easterbierrum en stapst dêr op de Slachtemarathonbus dy’t dy nei de start yn Raerd bringt (ynskriuwformulier: parkeren nabij Oosterbierum, vervolgens met de bus naar de start in Raerd).
  3. Litst dy bringe nei Easterbierrum en giest dêrnei mei de bus nei de start yn Raerd. (ynskriuwformulier: afzetten (tút-en-der-út) nabij Oosterbierum, vervolgens met de bus naar de start in Raerd)
  4. Parkearst dyn auto op eigen gelegenheid yn Ljouwert. Stapst op de Slachtemarathonbus dy’t út Ljouwert nei de start ta giet. (ynskriuwformulier: parkeren in Leeuwarden, vervolgens met de bus naar de start in Raerd).
  5. Litst dy bringe nei Ljouwert en stapst op de Slachtemarathonbus dy’t út Ljouwert wei nei de start ta giet (ynskriuwformulier: afzetten tút-en-der-út in Leeuwarden, vervolgens met de bus naar de start in Raerd).
  6. Litst dy bringe tichtby de start yn Raerd (tút-en-der-út).
    (ynskriuwformulier: afzetten tút-en-der-út nabij de start in Raerd)

Fansels bringe we dy fan de finish werom mei de Slachtebus nei dyn opstapplak.

Let op: It is dus net mooglik om dyn auto te parkearjen by de start yn Raerd.

By it bestellen fan dyn kaarten makkest in kar hoe’st by de start komst. Ast kaarten foar 2 dielnimmers bestelst, dan hawwe jim beide deselde ferfiersopsje. Nei it bestellen fan de kaarten kinst dyn kar net mear feroarje. Betink dêrom yn it foar goed wat de handichste en bêste wize foar dy is om by de start te kommen.

Bestellen kuiershirt, draversshirt of hoody

Hast de mooglikheid om in kuiershirt/draversshirt en hoody mei te bestellen by dyn ynskriuwing. Yn dat gefal is it handich om ek alfêst de maat fan dyn klean en dy fan de eventuele 2e dielnimmers by de hân te hawwen. De shirts kostje € 17,50 per stuk, de hoody’s € 35,00. De ferstjoerkosten binne € 7,50 de bestelling.

Foarbylden mear ynformaasje oer de klean, kinst hjir fine.

Mear ynformaasje

Hâld foar mear ynformaasje yn oanrin nei de Slachtemarathon en aktuele wizigingen ús website en sosjale media yn de gaten. Fynst ús op Facebook, Instagram en Twitter.

 

We winskje dy in soad súkses mei it ynskriuwen!