Ynformaasje kaartferkeap Slachtemarathon 2020

De 6e Slachtemarathon is op sneon 13 juny 2020. Der kinne 13.500 kuierders en 1.500 hurddravers meidwaan oan de tocht fan 42 kilometer en 195 meter oer de eardere Slachtedyk. De start is dit jier yn Raerd en de finish is yn Easterbierrum. Hjirûnder fynst mear ynformaasje oer de kaartferkeap. Dizze ynformaasje wurdt yn de rin fan de tiid útwreide, kom hjir dêrom noch ris werom.

Start kaartferkeap
De kaartferkeap begjint op sneon 18 jannewaris 2020 op ús webside. Freonen fan de Slachtemarathon kinne in wike earder harren kaarten bestelle: op sneon 11 jannewaris 2020. It is foar dizze edysje noch oant 1 desimber 2019 mooglik om Freon fan de Slachtemarathon te wurden.

Priis fan de kaarten
De kaarten foar kuierders fan de Slachtemarathon jilde € 37,50 it stik. Dochst mei oan de tocht fan 42 kilometer en 195 meter oer de eardere Slachtedyk, mei ûnderweis keunst en kultuer yn it prachtige lânskip. De rûte rint troch de doarpen oan de Slachtedyk, dy’t elk hun eigen programma hawwe. Dêrneist binne der trije ‘oases’, gruttere rêstplakken mei in eigen kultuereel programma, iten en drinken. Ek it ferfier fan en nei de start en finish en in oantinken oan dyn dielname oan de Slachtemarathon sit by de priis yn.

Ynformaasje oer de priis fan de startkaarten foar hurdrinners folget sa gau as mooglik.

Ferfier
De Slachtemarathon nimt dy mei yn in bysûnder gebiet. De Slachtedyk ferbynt de doarpen yn in prachtich lânskip yn it hert fan Fryslân yn Raerd oant de seedyk yn Easterbierrum. In gebiet dêr’t rêst en romte bysûnder wichtich binne. Dat betsjut ek dat it gebiet net ynrjochte is op 15.000 dielnimmers dy’t mei eigen ferfier nei de start en finish fan de Slachtemarathon komme.
Dêrom brûke we parkearterreinen dy’t sintraal yn de provinsje lizze. Fan dêr ôf ferfiere we dielnimmers mei bussen nei de start. En fansels ek fan de finish ôf wer werom. Dêrneist is it fansels ek mooglik om op de fyts of kuierjend nei de start te kommen.

Startgroepen
By it keapjen fan de kaart foar de Slachtemarathon wurde de kuierders yndield yn startgroepen. Sa ûntstiet in lange rigele oan dielnimmers dy’t folop genietsje kinne fan it programma fan de Slachtemarathon en fan de rêst en romte fan de prachtige rûte.
De startgroepen wurde op foalchoarder fan kaartferkeap yndield: de earste kaartkeapers krije de earste starttiid.
Freonen hawwe by de kaartferkeap foar Freonen de mooglikheid om in starttiid te kiezen. Dat is ien fan de foardielen fan it Freon-wêzen.

Mear ynformaasje
Hâld foar mear ynformaasje en aktuele wizigingen it each op ús webside en social media.
Fynst ús op Facebook, Instagram en Twitter.