meidwaan

Geweldich datst meidwaan silst oan de Slachtemarathon 2018!

Dizze edysje op 31 augustus en 1 septimber 2018 is in ekstra edysje en dêrom ek ekstra spesjaal. We rinne net 1 mar 2 dagen, bliuwe in nacht sliepen én folgje in oare rûte as gewoanwei. Ast thús sliepe wolst, dan kin dat fansels ek. We geane troch alle doarpen hinne. De kaartferkeap start foar Freonen op 23 septimber 2017 om 06.00 oere en foar alle oaren op 30 septimber 2017 om 06.00 oere.

We wolle in soad fan dy witte ast de kaarten oan it bestellen bist. Omdatst dan fansels hurd wolst, steane al dy keuzes hjirûnder alfêst op in rychje. Sa kinst dy goed tariede en fluch kaarten bestelle.

Priis kaarten

De kaarten kostje € 95,- de kaart. Dêrfoar krijst:

  • Dielname oan de Slachtemarathon 2018 troch in prachtich lânskip en mei in prograa fol mei muzyk, keunst en kultuer
  • Busferfier fan ien fan de sintrale opstapplakken nei de start en fan de finish ôf werom
  • In oernachting mei moarnsbrochje yn ien fan de út-en-thúsdoarpen.  Ast thús sliepe wolst, bringt in bus dy wer werom by it sintrale opstapplak dêr’st moarns ynstapt bist en op dei 2 fan dêr ôf wer nei de start
  • In prachtich oantinken oan dyn bysûndere prestaasje (it ‘Slachtemarathonblokje’)

Rûte

By in gewoane Slachtemarathon rinne we oer de Slachtedyk. Dizze spesjale edysje hat ienmalich en nije rûte: we kuierje troch alle doarpen hinne dy’t belutsen binne by de Slachtemarathon. Dêrtroch wurdt de rûte twa kear sa lang en dogge we der net ien mar twa dagen oer. Troch de ôfstân – sa’n 91 km ferspraat oer twa dagen – is der gjin Slachtemarathon foar hurdrinners yn 2018. Dravers kinne yn 2020 wer in Slachtemarathon rinne.

Besjoch it routekaartsje. De start is yn Raerd, de finish op dei 2 yn Easterbierrum.

Hokker gegevens hawwe wy fan dy nedich?

Earst wolle we graach witte hoefolle kaarten ast bestelle wolst. Ast oan it bestellen bist, wolle we oer de neikommende ûnderwerpen dingen fan dy én fan de oaren foar wa’st kaarten bestelst witte:

  • Persoanlike gegevens
  • Foarkar foar starttiid (ast Freon bist)
  • Ferfier
  • Sliepe

Hjirûnder sette we alle opsjes op in rychje.

Foar wa bestelst kaarten?

Earst kinst fansels oanjaan hoefolle kaarten ast bestelle wolst. Freonen kinne maksimaal fjouwer kaarten bestelle, net-Freonen maksimaal twa.

Dan wolle we graach dyn namme en adresgegevens witte, dyn mailadres, dyn bertedatum en hoe faak ast al meidien hast mei de Slachtemarathon. Ek fan de oaren foar wa’st bestelst, wolle we dizze gegevens witte. Nei it bestellen hast noch twa wike de tiid op dy gegevens fan oaren oan te foljen ast dat net fuortdaliks witst.

Hoe let wolst starte?

Ast Freon bist, meist in foarkar oanjaan foar in starttiid. De opsjes binne:

  • tusken 06.30 en 07.00 oere
  • tusken 07.00 en 08.00 oere
  • tusken 08.00 en 09.00 oere
  • tusken 09.00 en 10.00 oere

Ferfier

It is net mooglik en parkear dyn auto by de start. Do makkest dus in kart oftst:

  • brocht wurdst by de start (de bringer riidt dan fuortdaliks wer fuort)
  • rinnend of op de fyts by de start komst
  • of do stapst op de bus nei de start yn ien fan de opstapplakken

Kinst op de bus stappe yn:

  • Snits
  • Ljouwert
  • It Hearrenfean
  • Frjentsjer/Harns

Oernachtsje

Underweis sliepst nei de earste dei yn ien fan de út-en-thús-doarpen. Dat binne fiif doarpen healweis der rûte dêr’t in spesjaal programma is nei de finish. Kinst der ek foar kieze om thús te sliepen. We bringe dy dan nei de earste dei út Wommels wei werom nei dyn opstapplak fan moarns. Dan mist wol in in bysûnder programa, want de beleving fan de Slachtemarathon giet yn de fiif doarpen gewoan fierder.

Yn hokker doarp bliuwst sliepen?

Earst kiest yn hokker doarps ast sliepen bliuwe wolst. Elk doarp hat in eigen programma mei in eigen sfear. Oernachtsje is mooglik yn:

  • Easterein (nei likernôch 40 km op dei 1)
  • Wommels (nei likernôch 42,5 km op dei 1)
  • Kûbaard (nei likernôch 44,5 km op dei 1)
  • Tritzum (nei likernôch 46,5 km op dei 1) – let op! Dizze opsje kostet ekstra jild, der binne mar 100 plakken.
  • Tsjom (krekt gjin 50 km op dei 1)

Hoe wolst oernachtsje?

Kinst kieze út de neikommende mooglikheden:

  • By immen thús
  • Yn in groepsakkommodaasje (bygelyks in sporthal, doarpshûs of grutte groepstinte)
  • Yn dyn eigen tinte, caravan of camper. Ast foar dizze opsje kiest, is it mooglik om immen dy’t net meidocht oan de Slachtemarathon by dy útfanhúzje te litten. Ekstra kosten binne dan € 13,00 en dy persoan krijt dan op dei 2 ek in moarnsbrochje. Ek kinst dan dyn eigen tinte, caravan of camper al op tongersdei te plak bringe en dêr dan ek al sliepe. In spesjale Slachtemarathonbus bringt dy dan op freedtemoarn fan de camping nei de start. Op sneon bringt dy bus dy wer fan de finish nei de camping.
  • Yn in ynrjochte en al opsetten tinte fia Festipi. Oan dizze opsje binne ekstra ferbûn. De Festipi-tinte bestelst en betellest apart fan de kaarten foar de Slachtearathon. Nei it bestellen fan de kaarten krijst in mail mei mear  ynformaasje hoe’st dat dwaan kinst.

Bagaazje

We witte fansels datst ast sliepen bliuwst tyn toskeboarstel, pyjama, luchtbêd en miskien in tinte meinimme wolst. En we kinne ús yntinke datst de Slachtemarathon rinne wolst sûnder al dy bepakking. Dêrom kinst by de start dyn bagaazje ynleverje en nei it doarp bringe litte dêr’st sliepen bliuwst. Fansels soargje we der dan foar dat it sneon wer by de finish foar dy klear leit.

Shirts

Ek dit jier is der wer in spesjaal Slachtemarathon trainingsshirt. Dat kinst fuortdaliks mei de kaarten mei bestelle. Hâldst de kleanmaten fan de oare kuierder foar wa’st bestelst ek by de hân? De shirts kostje € xx,xx .

Kontrolearje en betelje

Ast alle keuzes foar dysels oanjûn hast, wolle we graach witte foar wa’st noch mear bestelst. As alle keuzes itselde binne, bist gau klear. Yn it oersjochskerm kinst kontrolearje oftst alles goed ynfolle hast. Dêrnei kinst betelje mei iDeal. We wurkje dus net mear mei automatyske ynkasso. Leist ek dyn bankpas en oare saken dy’st brûkst om mei Ideal te beteljen klear?