Wannear is de folgjende Slachtemarathon?

Der is gjin Slachtemarathon yn 2021. En we witte noch net wannear’t de folgjende Slachtemarathon is. We brûke dizze perioade om ûndersyk te dwaan nei de takomst fan de Slachtemarathon. Der is in protte feroare yn tweintich jier Slachtemarathon en fiif edysjes. De útkomsten fan it ûndersyk binne meibepalend foar wannear’t de folgjende Slachtemarathon wêze sil.

Is der in Freonekuier yn 2021?

Dat is no noch in yngewikkelde fraach. Dan moatte we earst witte hoe’t it intsjen ferrint en hoe gau der mear romte komt foar (lytse) eveneminten. As der mear dúdlik is, litte we de Freonen dat witte.

Hoe komt it mei de Freonebydrage?

Wy inne no earst gjin Freonebydrage, ek om’t we dizze perioade neat foar de Freonen werom dwaan kinne. Dat betsjut dus dat it jierlikse bedrach yn maart/april net fan jo rekken ôfskreaun wurdt. Sadra’t der in útkomst is fan it ûndersyk nei de takomst fan de Slachtemarathon of der wer mear mooglik wurdt, komme we op dit ûnderwerp werom.