Ynformaasje ynskriuwing dravers Slachtemarathon 2020
Hjir fynst de wichtichste ynformaasje foar de ynskriuwing foar de Slachtemarathon foar de hurddravers. Lês dit goed troch foardatst de kaarten bestelst. Der stiet wichtige ynformaasje en útlis oer de karren dy’tst yn it bestelproses meitsje moatst.
Start ynskriuwing
De ynskriuwing foar de Slachtemarathon is begong om sneon 18 jannewaris 2020 fia ús website.
Kaarten bestelle
Yn it ynskriuwsysteem stiet stap-foar-stap omskreaun hokker karren ast meitsje moatst en hokker ynformaasje we fan dy nedich binne. Ast de ûndersteande ynformaasje trochlêst en dy alfêst tariedst, komt it mei dyn ynskriuwing hielendal goed.
Ynskriuwing mei betide-boekers-koarting
Dielname oan de Slachtemarathon foar dravers kostet € 55,-.
De ynskriuwing slút as it maksimale tal dielnimmers berikt is, mar uterlik op snein 17 maaie 2020. Hâld ús website en sosjale-mediakanalen dus yn de gaten.
By de ynskriuwing foar de Slachtemarathon foar dravers binne de neikommende ûnderdielen ynbegrepen:
- startnûmer mei dyn namme
- tiidsregistraasje fia chip op startnûmer
- prachtige útdaagjende rûte oer de Slachtedyk
- fersoargingsposten ûnderweis op 5 – 10 – 15 – 20 – 25 – 30 – 32,5 – 35 – 37,5 – 40 km
- pacers oanwêzich foar skema 3.15 – 3.30 – 3.45 – 4.00 – 4.15 – 4.30 – 4.45 oere
- ferfier fan en nei de start en finish
- in unyk oantinken oan de Slachtemarathon 2020
- keunst, kultuer en muzyk ûnderweis, fanselse oanpasse oan de aard fan it draversevenemint
Persoanlike gegevens
We freegje by de ynskriuwing dyn namme, adres, bertedatum, telefoannûmer en e-mailadres. Sa kinne we dy ynformeare yn de tarieding nei de Slachtemarathon. En ek post nei dy tastjoere.
Ferfier fan en nei de Slachtemarathon 2020
De Slachtemarathon fynt plak yn in bysûnder gebiet. De dyk ferbynt de doarpen yn in prachtich lânskip fan it hert fan Fryslân yn Raerd oant de seedyk yn Easterbierrum. In gebiet dêr’t rêst en romte bysûndere wearden foarmje. Dát betsjut ek dat it gebiet net ynrjochte is op 15.250 dielnimmers dy’t mei eigen ferfier nei de start en finish fan de Slachtemarathon komme. Dêrom biede we ferskate ferfiersopsjes oan.
Der binne meardere mooglikheden om by de start fan de Slachtemarathon te kommen:
- Rinnend of mei de fyts nei de start yn Raerd (ynskriuwformulier: lopend/met de fiets naar de start).
- Parkearst dyn auto tichtby de finish yn Easterbierrum en stapst dêr op de Slachtemarathonbus dy’t dy nei de start yn Raerd bringt (ynskriuwformulier: parkeren nabij Oosterbierum, vervolgens met de bus naar de start in Raerd).
- Litst dy bringe nei Easterbierrum en giest dêrnei mei de bus nei de start yn Raerd. (ynskriuwformulier: afzetten (tút-en-der-út) nabij Oosterbierum, vervolgens met de bus naar de start in Raerd)
- Parkearst dyn auto op eigen gelegenheid yn Ljouwert. Stapst op de Slachtemarathonbus dy’t út Ljouwert nei de start ta giet. (ynskriuwformulier: parkeren in Leeuwarden, vervolgens met de bus naar de start in Raerd).
- Litst dy bringe nei Ljouwert en stapst op de Slachtemarathonbus dy’t út Ljouwert wei nei de start ta giet (ynskriuwformulier: afzetten tút-en-der-út in Leeuwarden, vervolgens met de bus naar de start in Raerd).
- Litst dy bringe tichtby de start yn Raerd (tút-en-der-út).
(ynskriuwformulier: afzetten tút-en-der-út nabij de start in Raerd)
Dêrneist is der allinnich foar wedstryddravers mei in fersoarger de mooglikheid om tydlik te parkearjen by Raerd. De fersoarger en de hurddraver krije tegearre 1 spesjale parkearkaart. Fuortdaliks nei de start nimt de fersoarger de auto wer mei.
Fansels bringe we dy fan de finish werom mei de Slachtebus nei dyn opstapplak.
By it bestellen fan dyn kaarten makkest in kar hoe’st by de start komst. Nei it bestellen fan de kaarten kinst dyn kar net mear feroarje. Betink dêrom yn it foar goed wat de handichste en bêste wize foar dy is om by de start te kommen.
Atletiekunie-nûmer
By it bestellen fan de hurddraverskaarten kinst dyn atletykferiening of – ringroep ynfolje, as dy lid is fan de Atletiekunie. Mei dyn Atletiekunie-nûmer wurdst yn de goede kategory dravers yndield. Dat is foaral foar dravers mei in wedstrydlisinsje wichtich.
Startfakken
By de ynskriuwing foar de Slachtemarathon wurde de dravers yndield yn twa startfakken: 1 wedstrydfak foar de fluggere wedstryddravers en 1 foar alle dravers. Sa ûntstiet in sliert oan dielnimmers dy’t optimaal genietsje kinne fan de Slachtemarathon en de rêst en romte fan de prachtige rûte. De dravers starte foar alle kuierders út om 06.30 oere.
Bestellen draversshirt of hoody
Hast de mooglikheid om in draversshirt en hoody mei te bestellen by dyn ynskriuwing. Yn dat gefal is it handich om ek alfêst de maat fan dyn klean by de hân te hawwen. De shirts kostje € 17,50 per stuk, de hoody’s € 35,00. De ferstjoerkosten binne € 7,50 de bestelling.
Foarbylden mei mear ynformaasje oer de klean, kinst hjir fine.
Draafclinics Slachte
Dravers dy’t net oansluten binne by in feriening, club of trainer en dy’t dochs in saakkundich trainingsskema wolle op harren goed ta te rieden op de Slachtemarathon 2020, kinne in e-mail stjoere nei hugo@slachtemarathon.nl
Mear ynformaasje
Hâld foar mear ynformaasje yn oanrin nei de Slachtemarathon ús website en sosjale media yn de gaten. Fynst ús op Facebook, Instagram en Twitter.
We winskje dy in soad súkses mei it ynskriuwen!