De Slachtemarathon en it Coronavirus

It binne nuvere tiden. 

De Slachtedoarpen, de keunstners, muzikanten, sponsors, partners en wy wurkje we al in hiel skoft oan de organisaasje fan in prachtige Slachtemarathon op 13 juny. Dizze wurksemheden binne no even op in sêft sin set. Even gjin moaie oefenkuiers en trainingsclinics of entúsjasmearjende filmkes.

Wy tinke no oan alle minsken dy’t noed hawwe of siik binne en oan elkenien dy’t sa hurd wurket om dizze sitewaasje yn ’e macht te krijen. En we tinke oan alle kollega’s dy’t it libben alle dagen in bytsje moaier meitsje en dat no net dwaan kinne mei harren evenementen, festivals en optredens. We witte hoe ûnwis dizze tiid is, we winskje jimme in protte kreativiteit en positiviteit. Hâld hoek!

Wat betsjut dit foar de Slachtemarathon?
Dat it firus fan ynfloed is op de organisaasje fan de Slachtemarathon, dêr binne we wis fan. Hoe grut dy impact krekt wêze sil witte we op dit stuit noch net. We hâlde it nijs fansels goed yn ’e gaten en riede ús ta op mooglike senario’s. Dêrby litte wy ús liede troch advizen fan oerheden, RIVM en GGD’s. Wêr’t dat nedich is, ha wy oerlis mei harren. Jimme en ús sûnens is it wichtichst!

Wy hâlde jim op ús webside en op social media op ‘e hichte.

Tink goed om jimsels en de minsken om jim hinne. En hâld oardel meter ôfstân!

 

Bestjoer en organisaasje Slachtemarathon