Wichtich nijs oer annulearing Slachtemarathon

Gjin Slachtemarathon 2020. We moatte der noch hieltyd oan wenne! Sûnt we yn maart de Slachtemarathon 2020 ôfsizze moasten, is der hurd wurke. We hawwe in soad saken regele en útwurke wat it betsjut foar kaartbestellers en foar de folgjende Slachtemarathon.

 

Farsk begjinne oan de folgjende Slachtemarathon

Earder hawwe we oankundige dat we yn 2021 de folgjende Slachtemarathon organisearje soene en dat de kaarten dy’t kocht binne jildich bliuwe foar dy Slachtemarathon. Mar we sjogge ek dat der noch hieltyd in soad ûnwis is oer wannear’t der wer eveneminten lykas de Slachtemarathon organisearre wurde kinne. Der wurdt no bygelyks sein dat dat net earder kin as dat der in vaccin is tsjin it coronavirus. De tiid dy’t der is om in Slachtemarathon 2021 te organisearjen soe dan samar ris koart wêze kinne. In soad ûnwissigens dus, en oermacht. Dêrom meitsje we de Slachtemarathon 2020 no folslein dien – dus ek finansjeel – en beslute we nei de simmer op hokker momint de folgjende Slachtemarathon plakfine sil.

 

Wat betsjut dit foar de minsken dy’t kaarten besteld hawwe? 

Alle Freonen en minsken dy’t kaarten besteld hawwe, krije in mail (of hawwe dy al krigen) mei ynformaasje oer wat dat praktysk foar harren betsjut.
Om’t we de Slachtemarathon 2020 folslein dien meitsje wolle, sette we der ek finansjeel in streek ûnder. We hawwe alle kosten dy’t makke binne by elkoar opteld en sjoen wêr’t we dan op útkomme. Dat bedrach kinne wy net út ús finansjele reserve betelje. Dêrom hawwe we – ek al fine we dat dreech – besletten om de helte fan it jild foar de kaarten werom te beteljen. Bestellingen foar shirts en hoodies betelje we wol folslein werom, om’t dy bestellingen noch niet dien wiene. Yn de mail oan de kaartbestellers lizze we noch wat mear dêr oer út.

 

Wy sjogge der nei út

Troch de Slachtemarathon 2020 hielendal ôf te rûnjen, kinne we mei elkoar wer oan op in folgjende Slachtemarathon. Want dat is wat jim as ús Freonen en ús dielnimmers, ús warbere doarpen én ús moaie evenemint fertsjinje! Wy sjogge der nei út.