15 juny 2024
Skruiw dy yn foar 1 maaie!
Skruiw dy yn foar 1 maaie!
De kaarten foar it kuierjen binne útferkocht. Der binne lykwols noch wol kaarten foar it hurdrinnen fan de hiele maraton (42km) of de heale maraton (21km). Kinst dy noch oant 1 maaie ynskriuwe!
De Slachtemaraton rint oer de âlde Slachtedyk yn Fryslân. De hiele maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan goed 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa parten yn it parkoers dy ‘t bestean út gersdyk of sachte ûndergrûn. Dit is by Frjentsjer en Achlum. It giet om sa ‘n 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. By net-ferkearsfrije oerstekpunten wurde je begelaat troch ferkearsregelers.