Start kaartferkeap

Freonen: 11 jannewaris 2020 | Regulier: 18 jannewaris 2020

Ien kear yn de fjouwer jier bart der wat spesjaals op en om de iuwenâlde Slachtedyk. Rom 15.000 kuierders en dravers meitsje in tocht fan 42 km oer dy âlde dyk. Se genietsje ûnderweis fan keunst, kultuer en it lânskip om harren hinne.

Op 13 juny 2020 is de 6e edysje fan de Slachtemarathon. Set de data fan de kaartferkeap alfêst yn dyn aginda en folgje ús website en Facebook en/of Instagram foar nijs en tips.