Muzyk tiidens de Slachtemarathon

Muzyk sit fan de earste Slachtemarathon ôf yn 2000 yn it DNA fan de Slachte. Yn de edysje fan 2024 sille fanfares, brassbands, harmonyorkesten en showkorpsen mear as ea útstrieling jaan oan de Slachte. Muzykferienings út de hiele provinsje Fryslân spylje dêrby in wichtige rol. Oanslutend op it tema ‘Wat Oars ’ sil de muzyk mear wêze as allinnich opharking en ferdivedaasje. Lit dy op 15 juny ferrasse en ynspirearje.

Fyftich orkesten en koaren spylje en sjonge lâns de rûte en foarmje sa in unike muzikale reade tried fan de tocht. Se ferrasse de kuierders en omearmje it publyk mei harren muzyk en bysûndere settings. Jong muzikaal talint út de provinsje Fryslân wachtet in fantastysk poadium en in tige bysûndere ûnderfining. Sy minge harren klanken mei dy fan trompettist fan wrâldformaat: Eric Vloeimans. Nije folwoeksen muzikanten krije de kâns om oan in grut publyk sjen te litten dat elkenien it talint hat om muzyk te meitsjen en hoe leuk as dat is. 

Guus Pieksma en Annewiep Bloem wurkje hurd oan de foarmjouwing fan it programma. Kenst in orkest of koar dat hjir ek oan meidwaan wol? Lit it ús witte fia muzyk@slachtemarathon.nl