Update je browser!

www.browsehappy.com

Freon wurde

As Freon fan de Slachtemarathon hawwe jo in tal leuke privileezjes. Sa kinne jo earder kaarten foar de Slachtemarathon bestelle en binne jo dus altyd wis fan dielname. Dêrneist organisearje wy yn de net-Slachtemarathonjierren in spesjale kuier foar ús Freonen, de Freonekuier. Yn it ûndersteande reglemint fine jo mear ynformaasje oer it Freon-wêzen. Lês dy earst efkes troch foar’t jo jo oanmelde. Als jo jo oanmelde, geane wy der fan út dat jo it reglemint lêze hawwe en jo dêr yn fine kinne.

We sjogge jo graach by de Slachtemarathon of by ien fan ús Freonekuiers!

  • This field is for validation purposes and should be left unchanged.

Reglemint Freonen fan de Slachtemarathon

Freonen
Artikel 1
Freonen kinne har oanmelde fia de website of fia de post. De betellingen fan it Freonelidmaatskip geane fia automatyske ynkasso’s. It lidmaatskip giet yn op it stuit dat de earste ynkasso foldien is.

Artikel 2
Freonen binne ferplichte adreswizigings of oare wizigings dy’t relevant binne foar de stichting Slachtemarathon troch te jaan fia post of email oan de stichting.

Privileezjes
Artikel 3
Freonen kinne by foarynskriuwing maksimaal 2 kaarten bestelle foar de Slachtemarathon. De ynskriuwing foar de Freonen start in wike earder as de regulier (losse) kaartferkeap. Freonen wurde dêroer ynformearre fia in nijsbrief.

Artikel 4
Freonen wurdt jierliks yn de net-Slachtemarathonjierren in saneamde Freonekuier oanbean; in kuier by de Slachtedyk del of in kuier dy’t op oare wize ferbûn is oan de Slachtemarathon.

Artikel 5
Freonen krije yn prinsipe 4 kear it jier in digitale nijsbrief oer de Slachtemarathon. Allinnich op fersyk kin ek fia de post in nijsbrief ferstjoerd wurde.

Artikel 6
Utskriuwe as Freon kin skriftlik of fia mail, ûnder fermelding fan namme en adresgegevens en foar 15 novimber. As de útskriuwing letter binnen komt (datum poststempel of ûntfangstdatum email jilde as referinsje), wurdt dy net mear ferwurke foar it kommende jier, mar foar it jier dêr nei.

Freonebydrage
Artikel 7
De Freonebydrage moat jierliks betelle wurde. Dat bart troch in automatyske ynkasso yn maaie. De Freon soarget foar genôch saldo op syn/har rekken. In Freon wurdt útskreaun as hy of sy nei twa (2) skriflike herinneringen de bydrage net betelle hat. Fan it Freon dy’t nei maaie lid wurdt, wurdt de ynkasso útfierd yn desimber.

Artikel 8
Freonen betelje 15 euro it jier.

Artikel 9
By útskriuwing yn de rin fan it jier is der gjin restitúsje fan de Freonebydrage.

Slachtemarathon
Artikel 10
Om gebrûk meitsje te kinnen fan de spesjalie foarynskriuwing foar de Freonen, moat in Freon minimaal twa (2) jier Freon wêze fan de Slachtemarathon. Konkreet betsjut dit dat de Freon ynskreaun wêze moat 1 jier foar de earstfolgjende Slachtemarathon en ek yn it jier fan de Slachtemarathon kontribúsje betelje.

Skeel
Artikel 11
As der in skeel is oer de útlis fan de bepalingen fan dit reglemint en yn gefallen dêr’t dit reglemint net yn foarsjocht, beslút it bestjoer fan de Stichting Slachtemarathon.