Update je browser!

www.browsehappy.com

Ien kear yn de fjouwer jier bart der wat op en om de iuwenâlde Slachtedyk. Mear as 15.000 kuierders en dravers meitsje in bysûndere tocht fan 42 kilometer. Se genietsje ûnderweis fan keunst, kultuer en it lânskip om harren hinne.

 

Yn 2018 is der – om’t Ljouwert/Fryslân yn dat jier kulturele haadstêd fan Europa is – in ekstra edysje dy’t ekstra spesjaal is. De Slachtemarathon rint yn 2018 troch alle doarpen dy’t belutsen binne by de Slachtemarathon en dat betsjut dat de rûte foar ien kear in oare rûte is. De Slachte is yn 2018 thús yn de doarpen. Om’t de rûte dan ek langer wurdt, oernachtsje de dielnimmers yn in tal doarpen by de rûte del. Wat wol itselde bliuwt? It unike Slachtegefoel!


Nieuws

Socht: sjueryleden!

Wy sykje sjueryleden dy’t de ideeën fan studinten fan ROC Friese Poort beoardielje wolle. Sy hawwe – ynspirearre troch Jean Tinguely – betocht hoe’t de wettertaappunten lâns de Slachtedyk der ut sjogge.

Kaartferkeap begjint op 23 septimber (freonen) en 30 september 2017 (alle oaren)

  De kaartferkeap fan de Slachtemarathon 2018 begjint op 23 septimber 2017 foar freonen en op 30 septimber 2017 foar net-freonen. Hâld de website goed yn de gaten, want it giet dit jier in bytsje oars as oare jierren. We sille jim dêr fia de website noch goed oer ynformearje, sadat jim der hielendal klear […]

Freonen

Als Freon fan de Slachtemarathon heeft u aantal leuke privileges. Zo kunt u eerder uw kaarten voor de Slachtemarathon bestellen, waardoor u altijd zeker bent van deelname.

contact

info@slachtemarathon.nl

(058)  203 80 19

Postadres
Stifting Slachtemarathon
Postbus 2718
8901 AC Ljouwert

Ferantwurding
Stifting Slachtemarathon hat har bêst dien alle rjochthawwenden te achterheljen. Sy dy’t tinke oanspraak meitsje te kinnen op foto- of tekstrechten wurde frege kontakt op te nimmen mei de stifting Slachtemarathon.