Slachtemarathon
Do rinst…
de dei is jong, hast noch in see fan tiid,
folgest it spoar fan wa’t al earder gongen,
sa rom as alles is, ûneinich wiid, hearst
yn ’e fierte al in feestlik sjongen.
Do rinst…
rûnom werkenst de doarpen oan har toer,
sjochst hynders dy’t har dampend wekker stowe,
in reager yn it reid, skrillich rjochtop, wat skurve
fiskersboatsjes dy’t de feart delskowe.
Do rinst…
de Slachte wurdt ien linteflint fan kleur,
oermoedich stappe minsken om dy hinne,
de mannichte wurdt ien mearstimmich koar,
it tilt dy op, hjoed bist gjin tel allinnich.
Do rinst…
wat wankel al, hast noch in ein te gean,
do silst de twivel yn dysels oerwinne,
bist ûnderweis, dit is dyn Slachtedyk,
do rinst, do kinst noch oeren rinne.
gedicht Baukje Wytsma
Nothing Found
Sorry, no posts matched your criteria